Springe nei ynhâld

Noard Nederlânsk Toaniel

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Bloemstraat 38, Grins. Eardere elektrisiteit. No fêstiging Noard Nederlânsk Toaniel

It Noard Nederlânsk Toaneel (NNT), oprjochte op 17 maart 1981,[1] is in teäterselskip festige yn Grins. It NNT hat in eigen teäter, De Machinefabriek, festige yn it pân dêr't earder it Gemeentlik Enerzjy Bedriuw (GEB) húsmanne. Teffens is it NNT hûsselskip fan de Grinzer Stedsskouburch.

De stikken dy't it NNT spilet, rinne útien fan modern oant klassyk toaniel (Shakespeare, de âlde Griken).

De moderne stikken wurde meast troch jonge akteurs spile, of sels minsken dy't noch nea op it toaniel stien hawwe, lykas yn it projekt Dichterbij, dat sûnt 1999 in fêst programmapart is.

Yn 2005 spile it NNT in bewurking fan Sofokles' Ajax; de barrens yn dit wurk wurde ferlike mei de fal fan Srebrenica. Der spylje ek in tal Dutchbat-feteranen mei. Fan 1 jannewaris 2009 oant desimber 2016 wie Ola Mafaalani regisseur en artistyk lieder (direkteur) by it NNT.

Sûnt 1 jannewaris 2017 wurdt NNT laat fan Guy Weizman (artistyk en algemien direkteur) en Julie Van den Berghe (artistyk lieder toaniel). It eachmerk is om toaniel en oare teäterfoarmen mear byinoar te bringen. Dat is al te sjen yn de súksesfolle produksje Caroussel út 2017: neist akteurs binne der dûnsers fan Club Guy & Roni en muzikanten fan Asko❘Schönberg en wurdt in protte gebrûk makke fan filmbylden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje oer it NNT, mei û.m. de datum fan oprjochting