Klompkesilen

Ut Wikipedy

Klompkesilen is it silen mei skipkes makke út in klomp.

Scherjon-klasse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It silen mei klompen wurdt al langer dien, mar yn 1999 is it silen mei klompen yn Harns op 'e nij stimulearre. Klompmakker Scherjon makke in standerdklompke nei it ûntwerp fan Martin Bekebrede. Dit is in lyts symmetrysk klompke, mei in grut túch, en as kompensaasje in grutte, oansette kyl. Dizze Scherjonklasse is as sylklasse erkend troch it NNWB.

Mei dizze klompen wurdt sûnt 1999 alle jierren de Harnzer Klompsyldei holden, foar skoalbern fan groep 7 en groep 8.

Iepen Frysk Kampioenskip Klompkesilen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2002[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 juny 2002 is yn Heech it earste IFKK hâlden, as part fan Fryslân fart 2002. Nei foarwedstriden tusken 600 bern út groepen 7 en 8 fan mear as 80 basisskoallen, waard troch mear as 80 bern yn Heech dielnaam. Under in protte oandacht, sels fan de media, waard syld yn trije klassen.

It kampioenskip koe fjouwer klassen:

  • De Scherjonklasse fan it NNWB.
  • De Reidklasse - in Scherjon romp en kiel mar oars frij.
  • De Frijheidsklasse - in klasse dêr't alle silende klompen yn tastien binne.
  • De Drûge Klasse - in klasse dêr't de moaiste ûntwerp yn oanwiisd wurdt, at it no sile kin as net.

Winners wienen:

  • Yn de Scherjonklasse waard Rein Ritzema út Heech winner, yn in fjild fan 47 klompkes.
  • Yn de Reidklasse waard Douwe Idzinga út Bakhuzen earste fan 21 dielnimmers.
  • Yn de Vrijheidsklasse hie Sten Renema fan It Heidenskip it snelste klompke fan 12.
  • Yn de drûge klasse wie it pirateskip fan Roos Pluizer út Boalsert as de winner oanwiisd.

2004[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan Bonifatius 1250 jier waard yn 19 juny 2004 yn Dokkum it twadde IFKK hâlden, ek it Nederlânsk Kampioenskip Klompkesilen. Op De Helling waard syld yn twa klassen.

  • Yn de offisjele sylklasse Fryske Klomp wûn Jesse Hendriks út Sleat.
  • Yn de Iepen klasse wie it kampioenskip foar Douwe Idzinga út Bakhuzen.
  • Yn de Fantasyklasse waard it skip fan Marlies Gietema út Dokkum ta winner útkeazen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]