Keatsferiening Iendracht (Harns)
Keatsferiening Iendracht is sûnt 1900 in keatsferiening út Harns.
Foar 1900 waard der al omraken keatst yn Harns op ferskate plakken: it terrein fan de 'brakerij' (no it Noardergrachtswâlplein) en yn de 'kuule' by mûne De Bazuin. Nei in partij keatsen op it terrein by 'De Spieker' waard yn kafee 'De Zon' de feriening oprjochte.
De earste partij, mei troch inoar lotsjen, wie op 10 july 1900. De stedswinners sûnt 1898 lottten ôfsûnderlik. De earste priis bestie út gouden willems. De ynlis wie 50 sinten, en it winnende partoer mocht seis willems ferdiele en trije sulveren medaljes. De fjildhier wie F 20, - en as bestjoerstinte waard in fisktinte brûkt. Der kamen wol 1400 taskôgers dy't Jan Reitsma sr. (Penjum), Foeke Buwalda (Arum) en Cornelis de Vries (Mullum) winnen seagen. Yn 1905 waard it tsjintwurdige fjils oankocht foar F 1500,- en der kaam in tribune, in berchhok en in muzyktinte.
In soad bekende keatsers binne fuortkomd út De Iendracht: Pieter en Frans Helfrich, Hans Knol, Sikke de Vries, Johan Halbesma, Dreewes Smedinga en Hotze Schuil. Hotze Schuil, keatser fan de iuw, helle tusken 1942-1967 wol 867 punten foar it ivich keatsklassemint, wûn seis kear de PC en waard 83 kear kening fan in partij.
Benammen troch in leanenkeatsen binne der wat minder leden as it west hat, al binne der elk wykein wol keatspatijen. Benammen it spyljen mei de sêfte bal soe hjir debet oan wêze. De woansdei deipartij stiet as klassiker op de wedstrydkalinder fan de KNKB.
By it jubileum yn 2000 is de musical "Koning langs de Ried opfierd. Neist in soad aktiviteiten is doe ek it jubileumboek mei dizze namme ferskynd.