Iemssintrale
Appearance
De Iemssintrale is in elektrisiteitssintrale yn de Iemshaven benoarden Delfsyl yn Grinslân.
De sintrale is sûnt 1996 operasjoneel en brûkt kuolwetter út de Iems. De sintrale hat fiif saneamde STEG-ienheden op gas dy't meiïnoar 1750 MW oan elektrisiteit produsearje, in combi-ienheid op gas mei in fermogen fan 675 MW en in gasturbine-generator mei in fermogen fan 17 MW. Dêrnjonken steane noch njoggen wynturbines mei in totaal fermogen fan 27 MW op it hiem fan de sintrale.
De skoarstien fan de Iemssintrale is mei 135 meter it heechste bouwurk fan de provinsje Grinslân.
Electrabel, in dochterûndernimming fan Engie Energie Nederland, is op 't heden eigner fan de sintrale.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Iemssintrale by Enipedia
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Iemssintrale fan Wikimedia Commons. |