Iced Earth

Ut Wikipedy
Iced Earth
Ic queue music 48px.svg band
Iced Earth yn 2013
Iced Earth yn 2013
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1984Status ûnbekend
label(s) Century Media,
Steamhammer
leden
Sang, Gitaar & Toetsen Jon Schaffer
Drums Brent Smedley

Iced Earth is in Amerikaanske metalband oprjochte yn 1984 yn Tampa. De band brocht yn 1990 syn debútalbum Iced Earth út. De teksten fan de band gean benammen oer horror, fantasy, kriich, mytology en skiednis. Iced Earth hat tretjin studio-albums en twa live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iced Earth is yn 1984 troch gitarist Jon Schaffer oprjochten ûnder de namme The Rose, yn 1985 waard de namme feroare yn Purgatory, fanôf 1988 hjitte de band Iced Earth. Yn 1990 waard it album Iced Earth útbrocht, al rap dêrnei folge it twadde album Night of the Stormrider yn 1991. Nei it toernee folgjend op dit album gie de band twa jier lang mei skoft. Yn 1995 folge pas it tredde album Burnt Offerings. It fjirde album The Dark Saga út 1996 wue it earste mei drummer Mark Prator, en it lêste mei de âlde bassist Dave Abell, dy 't de groep ferliet nei it dien meitsjen fan de opnames. Hoewol 't Abell kreditearre waard foar it spyljen op it album, ferskynt bassist Keith Menser op de efterkant, omdat Century Media easke dat de toerende line-up fan de band op de hoes ferskine soe. Mar Menser waard ûntslein nei 't dúdlik waard dat er gjin fan de nûmers fan de band leard hie foar de toernee, hy waard ferfongen troch James McDonough, de nije drummer Mark Prator ferliet ek al gau wer de band en waard ferfongen troch Brent Smedley. Nei it barren fan 9/11 yn 2001 kaam sjonger Matt Barlow ta de konklúzje dat er bydrage woe oan de "echte wrâld". Barlow benadere Schaffer ein 2002 hjirmei, mar Schaffer oertsjûge Barlow om by de band te bliuwen. Doe 't Iced Earth begûn mei it opnimmen fan harren folgjende studioalbum The Glorious Burden, realisearre Schaffer him dat de sang fan Barlow net wie wat er winske; hy fûn dat it harren oan passy en kwaliteit ûntbruts, dus besleat er Barlow dochs gean te litten. Barlow waard in plysjeman by de plysje fan Georgetown. Hy waard by Iced Earth ferfongen troch Tim Owens. Yn 2021 ferlieten op drummer Brent Smedley nei, alle bandleden de band, neidat dúdlik wurden wie dat Jon Schaffer belútsen wie by de Bestoarming fan it Kapitoal ek it platenlabel Century Media ferskuorde it kontrakt dat hja hiene mei Iced Earth.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Iced Earth novimber 1990 Century Media
Night of the Stormrider 11 novimber 1991
Burnt Offerings 1 maart 1995
The Dark Saga 20 maaie 1996
Something Wicked This Way Comes 22 juny 1998
Horror Show 25 juny 2001
Tribute to the Gods 21 oktober 2002
The Glorious Burden 12 jannewaris 2004 Steamhammer
Framing Armageddon
(Something Wicked - Part 1)
7 septimber 2007 Setian Massacre,
Ten Thousand Strong
The Crucible of Man
(Something Wicked - Part 2)
5 septimber 2008 I Walk Alone,
Setian Massacre
Dystopia 17 oktober 2011 Century Media
Plagues of Babylon 6 jannewaris 2014 The Culling
Incorruptible 16 juny 2017

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Alive in Athens 19 july 1999 Century Media
Live in Ancient Kourion 15 april 2013

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Days of Purgatory 20 maaie 1997
The Blessed and the Damned 26 july 2004
Enter the Realm of the Gods 31 maart 2008
The Chronicles of Darkness july 2017

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: