Humphrey Bennett
Humphrey Bennett (Londen, 1948 - Baarn, 28 febrewaris 2020) wie in byldzjend keunstner út Baarn. Hy joech ek kursussen, wêrûnder al jierren in workshop modeltekenjen yn de Jeugdherberch fan Skylge. In oplieding grafyske techniken folge er oan de N.E. London School of Art en tekentechniken oan de St. John Cass School of Art.
Bennett wie fassinearre troch ballet. Om de bewegings fan de dûnsers fêst te lizzen gie er alle wiken nei repetysjes fan it Scapino Ballet of It Nasjonaal Ballet. Humphrey wie allinnich ynteressearre yn de beweging, it dekor is fan minder belang. Mei mar inkele halen wit er de essinsje fan de dûns fêst te lizzen. De passy en it temperamint fan de dûnsers lei er yn floeiende krêftige linen fêst yn ferskate tekentechniken. De iene kear dik oansetten kontoeren, de oare kear fyn oansetten. De foarmen wurde bytiden opfold yn ferskate felle kleuren. Hy set de dûnsers fluch op papier omdat de bewegings mar troch geane en net 'beferzen' wurde kinne. Krekt it fêstlizzen fan 'beferzen' dûnsbewegings sjocht Bennet as in útdaging.
Alle jierren hie er in eksposysje yn Dancestreet yn Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |