Springe nei ynhâld

Hubert Wilkins

Ut Wikipedy
Hubert Wilkins
Sir Hubert Wilkins (1931)
Sir Hubert Wilkins (1931)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Australysk
berne 31 oktober 1888
berteplak Mount Bryan East, Súd-Austraalje
stoarn 30 novimber 1958 (70 jier)
stjerplak Framingham, Massachusetts
wurkpaad
berop/amt Untdekkingsreizger, fotograaf, ornitolooch, fleander, botanikus, geograaf
reden
  bekendheid
Poalreizger
De Nautilus

Sir Hubert Wilkins (31 oktober 1888 - 30 novimber 1958), meastentiids Captain Wilkins neamd, wie in Australyske poalreizger, fleander/loftfotograaf en ûntdekkingsreizger.

Wilkins syn ynteresse yn poalûndersyk wie wiidfiemjend. Hy rjochte him op ûndersyk nei de ynfloed fan de poalgebieten op it wrâldklimaat en op de ferkenning fan ûnbekende gebieten út de loft wei [1], mar wie ek de earste dy't sjen liet dat der mei in ûnderseeër ûnder it pakys fan de Noardpoal dûkt wurde koe.

Kaptein Wilkins (1918)

Wilkins waard berne as lêste fan 13 bern yn in ymmigrantehúshâlding dêr't syn heit in skieppebuorkerij runde. Hy krige ûnderrjoch yn Mount Bryan East [2] en de Adelaide School of Mines. As tiener ferhuze hy nei Adelaide, dêr't er in baan krige as filmprojekteur yn in reizgjend teäter. Letter ferfear er nei Ingelân, dêr't er sinematograaf waard en in pionier op it mêd fan loftfotografy waard wylst er foar Gaumont Studios wurke. Syn fotografyske feardichheden leveren him in plak op by ferskate Arktyske ekspedysjes, dêrûnder de kontroversjele Kanadeeske Arktyske Ekspedysje ûnder lieding fan Vilhjalmur Stefansson yn 1913.

Yn 1917 kaam Wilkins werom nei syn bertelân Australië en gie by it Australian Flying Corps yn de rang fan twadde luitenant. Wilkins waard yn 1918 oansteld as offisjele oarlochsfotograaf. Yn juny 1918 waard er ûnderskieden mei it Militêre Krús foar syn krewearjen om ferwûne soldaten te rêden yn de Tredde Slach om Ieper. Hy bliuwt de iennichste Australyske offisjele fotograaf út in oarloch dy't in gefjochtsmedalje krige. De moanne dêrnei waard Wilkins befoardere ta kaptein en waard er offisier dy't it befel fierde oer No.3 (Photographic) Sub-section fan de Australyske ienheid foar oarlochsargiven.
It wurk fan Wilkins late him faak nei it hjitst fan'e striid en ûnder de Slach om de Hindenburgliny naam er it befel oer fan in groep Amerikaanske soldaten dy't har offisieren yn in eardere oanfal ferlern hiene en late de groep oant der stipe oankaam. Wilkins krige dêrnei in streek by syn Militêre Krús yn de Ferjierdeisûnderskieding fan 1919 (1919 Birthday Honours).

Op 22 april 1928, mar in jier nei de Atlantyske flecht fan Charles Lindbergh, fleagen Wilkins en syn piloat Carl Ben Eielson oer de Noardlike Iissee fan Point Barrow yn Alaska nei Spitsbergen lâns Grant Land en Ellesmere Island. Foar dy prestaasje waard er riddere en koe er sir foar syn namme sette. Hy waard ek eare mei it eareteken fan de Noarske Aero Club.

Nei it grutte omtinken dat er krige by syn weromkommen nei New York troude er mei de Australyske aktrise Suzanne Bennett. Mei stipe fan William Randolph Hearst gie Wilkins fierder mei syn poallekspedysjes, diskear op Antarktika. Op it Australyske skiereilân neamde er Hearst Land nei syn sponsor. Hearst nûge him en Suzanne út foar in houliksreis om'e wrâld op it loftskip 'Graf Zeppelin'.

Wilkins late yn de simmer fan 1931 in mislearre ekspedysje dy't ûnder it iis nei de Noardpoal reizgje moast yn in frijwat gammele Amerikaanske ûnderseeër út de Earste Wrâldoarloch. Hy joech him de namme 'Nautilus'. Hoewol't er de reis net ôfmakke lykas de bedoeling wie, makke er it paad frij foar lettere ekspedysjes ûnder it iis yn de Noardlike IIssee. Dat barde doe't de nukleêre ûnderseeër USS Nautilus fan de US Navy yn 1958 de Noardlike Iissee ûnder it iis trochfear.

Nei Wilkins dea op 30 novimber 1958 naam de nukleêre ûnderseeër USS Skate, dy’t op 17 maart 1959 as earste troch it iis fan de Noardpoal bruts, syn jiske mei en ferstruide dy oer de Noardlike Iissee.

De iisbrekker Wilkins en Wilkins Sound binne nei him ferneamd.

  • 1928 Flying the Arctic
  • 1928 Undiscovered Australia
  • 1931 Under The North Pole
  • Thomas, Lowell Sir Hubert Wilkins: His World of Adventure McGraw-Hill, 1961.
  • Nasht, Simon The Last Explorer: Hubert Wilkins Australia’s Unknown Hero Hachette, 2005

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Under the North Pole, Digitale bibleteek fan de Ohio State University
  2. "Distance Mount Bryan East – Adelaide". Tripstance.com. 2013–2016. Rieplachte 16 jannewaris 2016.