Springe nei ynhâld

Hotze Sytses Buwalda

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hotze S. Buwalda)
Hotze Sytses Buwalda
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hotze Sytses Buwalda
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 septimber 1915
berteplak Sint-Jabik (Fryslân)
stoarn 5 febrewaris 1994
stjerplak Sint-Anne (Fryslân)
etnisiteit Biltsk
wurk
taal Biltsk, Frysk, Nederlânsk
sjenre lit. koarte ferhalen, oersettings,
non-fiksje (taalkunde, skiednis,
fotoboeken, wurdboeken)
bekendste
  wurk(en)
Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts
Woordeboek fan 't Bildts
jierren aktyf 19401994
offisjele webside
n.f.t.

Hotze Sytses Buwalda (Alde Biltdyk, Sint-Jabik, 14 septimber 1915Sint-Anne, 5 febrewaris 1994) wie in Frysk taalkundige, publisist, skriuwer en oersetter, dy't fan 1940 oant 1970 tritich jier lang ferbûn wie oan 'e Fryske Akademy. Hy sette him benammen o sa yn foar it behâld en it fêstlizzen fan syn memmetaal, it Biltsk, en spile in rol dy't fan krúsjaal belang wie foar it kommen ta in formele Biltske stavering en de útjefte fan it earste Biltske wurdboek.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buwalda wurke û.m. mei Govert Alletinus Gezelle Meerburg en Ype Rinses Poortinga oan it Frysk Wurdboek, wêrfan't diel 1 (Nederlânsk-Frysk) yn 1952 útkaam, en diel 2, (Frysk-Nederlânsk) yn 1956. Syn hert lei lykwols by de stúdzje nei syn memmetaal, it Biltsk, wêrfoar't er tusken 1940 en 1950 de grûnslach fan 'e hjoeddeistige stavering lei. Buwalda skreau in grut tal artikels oer it Biltsk en de skiednis en kultuer fan it Bilt, dy't er publisearre yn û.m. de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en de Biltske Post. Dêrûnder wie Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts (1962), wêryn't er foar leken op it mêd fan 'e taalkunde de Biltske stavering útinoar sette.

Teffens brocht er ferskate boeken oer dy ûnderwerpen út, en bewurke en fertaalde er koarte ferhalen en toanielstikken fan û.m. Waling Dykstra en de memoires fan Bruno Lieuwes van Albada yn modern Biltsk. Nei syn pinsjonearring, yn 1970, wurke er noch jierren oan in Biltsk wurdboek. Buwalda wie troud mei Tietje Buwalda-Veenbaas. Syn soan Sytse Hotzes Buwalda sette syn krewearjen foar it Biltsk fuort. De publikaasje fan syn magnum opus, it Woordeboek fan 't Bildts, yn 1996, mocht Buwalda net mear belibje; hy ferstoar yn 1994. It wurdboek waard útbrocht ûnder redaksje fan syn soan. Yn Sint Anne is nei Hotze Sytses Buwalda in strjitte ferneamd.

  • 1950 – 'n Sémonster op 't Droge
  • 1984 – De Eerste Klap (yn: de Ljouwerter Krante)
  • 1984 – Ofwasse (yn: de Ljouwerter Krante)
  • 1984 – Hêst (yn: de Ljouwerter Krante)
  • 1991 – De Weedner (yn: Frysk en Frij)

Oersettings en bewurkings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
yn it Biltsk
  • 1940 – 't Bildt Besongen in Syn Eigen Taal (nei in fers fan Waling Dykstra)
  • 1948 – Ut 'e Ouwe Doas: Drie Bildtse Teksten (nei wurk fan Waling Dykstra)
    • Krelis Regtuut Syn Rais na Luwt, Bij Gelegenhaid dat Syn Majestait Keuning Wullem de Darde Dêr Waar, in April 1852
    • De Son-eklips en de Steertstar
    • Gesprek fan Twee Erbaaiers over 't Jeneversupen
  • 1950 – Fan 'e Bilkert Die't Wel Nat Ondurftde (bewurking op grûn fan histoaryske gegevens)
  • 1952 – As 't Wiif fan Huus Is: Blijspul in Één Bedriif (nei D.P. de Groot)
  • 1961 – Ut 't Leven fan 'n Ouwesylster Skoalmaster (1816-1828) (yn: de Biltske Post, 3 ôfl., nei Uit de Oude en Nieuwe Doos, fan Bruno Lieuwes van Albada)
  • 1964 – 't Skaai fan Ouwe Dirk: Bildts Toneelstik in Fier Bedriven (nei Tys Polstra)
yn it Frysk
  • 19?? – Bijnamen van Vogels op het Bildt (yn: Neerlands Volksleven)
  • 1946 – Woun op 'e Weagen: It Bildt en Syn Biwenners
  • 1950 – Fermaak út Froeger Dagen op 't Bildt
  • 1951 – Matthias Hartman: Jonggestorven St. Jabuurtster Voordrager-Zanger
  • 1951-1957 – Geschiedenis van Het Bildt: Beschreven in Haar Verband met de Algemene Historie van Friesland (troch Hartman Sannes, mei ferbetterings en oanfollings fan Hotze Sytses Buwalda)
  • 1952 – De Bilkerts en Hur Familynamen: 'n Minnig Opmerkings over Bildtse Geslachtsnamen
  • 1952 – Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk (mei Govert Alletinus Gezelle Meerburg en Ype Rinses Poortinga)
  • 1953 – Fan de Bildtse Grônd: 'n Leerleesboek foor de Hoogste Klassen fan de L.S.
  • 1953 – Bildtse Plantenammen: 'n Minnig Ferbetteringen
  • 1955 – Herstaven op 't Bildt
  • 1955 – Verlies van Vitale Tradities en Christelijke Waarden: Zeer Belangrijk Werk voor 't Bildt
  • 1955 – De Winkelheakpleatsen op 't Bildt
  • 1956 – Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk (mei Govert Alletinus Gezelle Meerburg en Ype Rinses Poortinga)
  • 1957 – It Bildtsk en Dit en Dat oer it Stedsk
  • 1960 – Over de Verba in 't Bildts (yn: Fryske Stúdzjes Oanbean oan Prof. Dr. J.H. Brouwer op Syn Sechstichste Jierdei, 23 Augustus 1960)
  • 1960 – Bijnamen van Vogels op het Bildt
  • 1960 – Uit en over Friese Dialectteksten (yn: Taal en Tongval)
  • 1961 – Literaturübersicht: 1958-1960: Westfriesland (yn: Friesisch Jahrbuch)
  • 1962 – Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts: 'n Handlaiding foor de Spelling, en Inkele Dingen út 'e Spraakkûnst (2de printinge 1980 mei Sytse Hotzes Buwalda)
  • 1965 – Wullem Aarts op 'e Tekst
  • 1965 – Lând- en Andere Namen op 't Bildt: 't Levert op as de Sé (yn: de Biltske Post)
  • 1965 – Ouwe-Syl deur de Tiden Hinne (yn: de Biltske Post)
  • 1965 – Ouwe Bildtse Benamings fan Landerijen (Niet Optekend út 'e Folksmond) (yn: de Biltske Post)
  • 1965 – Ouwe Benamings op 't Bildt, út Skrevene en Drukte bronnen: Namen fan Huzen, Herbergen, Molens, Buurten en Streken (yn: de Biltske Post)
  • 1965 – Lând- en Andere Namen op 't Bildt (yn: de Biltske Post)
  • 1965 – Toponimen op 't Bildt (yn: de Biltske Post)
  • 1966 – 'n Stikky Bildtse history: 'De Skedelbuurt' en 'De Draadnagel' fan Ouwe-Syl (yn: de Biltske Post)
  • 1966 – De Agrarische Toestanden op 't Bildt, 'n Klaine 100 Jaar Leden (yn: de Biltske Post)
  • 1972 – Het Bildt in Oude Ansichten: Waarin Afbeeldingen uit St.-Anna-Parochie, St.-Jacobi-Parochie, Oude-Bildtzijl en Vrouwen-Parochie
  • 1974 – Hoe Kwam De Swarte Haan an Syn Naam? (yn: it Frysk Deiblêd)
  • 1975 – Hest Hondert Jaar Leden Rieken 'n Paar Bilkerts over hun Taal Gaar (yn: de Us Wurk, 2 ôfl.)
  • 1975 – Fan Fòòr Hondert Jaar (yn: de Biltske Post; 3 ôfl.)
  • 1975 – 'n Praatsy over Taal en Dialekt (yn: de Biltske Post)
  • 1975 – Sij Prate Nag Die Ouwe Taal (yn: de Biltske Post)
  • 1975 – 120 Jaar Leden Kwammen Wy Se Al Teugen! (yn: de Biltske Post)
  • 1984 – St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda (mei Sytse Hotzes Buwalda)
  • 1996 – Woordeboek fan 't Bildts (mei Sytse Hotzes Buwalda)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Buwalda, H.S.; Buwalda, S.H.; en Burg, A.C.B. van der, Woordeboek fan 't Bildts, Ljouwert, 1996 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 309, s. i-ii.