Horsens

Ut Wikipedy
Horsens
Gågaden
Gågaden
Emblemen
Polityk
Lân flagge fan Denemark Denemark
regio Midden-Jutlân
gemeente Horsens
Sifers
Ynwennertal 63.162 (2023)
Oar
Koördinaten 55° 51' N 9° 51' E
Offisjele webside
horsens.dk
Kaart
Horsens (Midden-Jutlân)
Horsens

Horsens is in stêd yn 'e Deenske regio Midden-Jutlân en is nei Aarhus en Randers de grutste stêd fan Midden-Jutlân. Horsens is it haadplak fan de gemeente mei deselde namme.

De stêd ûntwikkele him om de haven fan Horsens hinne, dy't oan it ein fan it 20 km lange Fjord fan Horsens leit, en is bekend fanwegen syn metaal- en tabaksyndustry.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kleastertsjerke

Horsens waard foar it earst yn 'e 12e iuw neamd en wie yn 'e midsiuwen in belangrike stêd mei fortifikaasjes en ferskillende kleasters.

Yn 'e tiid fan de oarloch tusken Erik Plovpenning en syn broer Abel, de hartoch fan Sleeswyk dy't in ûnôfhinklike posysje fan Denemark woe en dêryn stipe waard troch de greven fan Holstein, waard Horsens yn 1247 plondere en yn 'e brân stutsen. Yn 1261 kamen de Noaren nei Horsens foar Ingeborg, de dochter fan Erik Plovpenning (dy't dêr earne yn it kleaster siet), om har te heljen om har mei Magnus Lagabøter te trouwen. Yn 'e kriich mei Noarwegen waard de stêd yn 1285 troch de Noarske frijbûtser Alf Erlingsen platbaarnd.

Tusken 1292 en 1299 residearre de Deenske kening Erik Menved yn Horsens. Op 9 augustus 1313 trof er yn Horsens in skikking mei hartoch Erik II fan Sleeswyk, wêrby in pear ealju as ferrieders feroardiele waarden om't hja de boeren oanset hiene ta in opstân. Ek de opstannige boeren waarden straft en twongen om by Horsens in kastiel te bouwen.

De lokaasje oan it fjord makke it plak al gau wichtich foar de hannel en skipfeart, alhoewol't Horsens lykas oare Deenske merkstêden yn 'e ûntwikkeling hindere waard troch de Hânze. De stêd hie yn alle gefallen al sûnt 1442 merkrjochten, mar stedsrjochten hie de stêd al earder. Mei't der in ein oan 'e macht fan 'e Hânze kaam koe oan it begjin fan de Nije Tiid de hannel tanimme, fral mei Lübeck, Hamburch, Bremen, Amsterdam en Noarwegen.

Yn 'e Åboulevarden, Sundvejen en Søndergade yn it sintrum tsjûgje in soad hûzen fan 'e 18e-iuwske wolfeart. Begjin 19e iuw ûntwikkele de stêd him ta in yndustrieeel sintrum en yn 1831 waard yn Horsens de earste izerjitterij fan Jutlân stifte. Foar de groei fan 'e stêd wie de útwreiding fan 'e haven tige wichtich, dy't tsjin it ein fan 'e 19e iuw grutter makke en op it spoar oansletten waard. De yndustrialisaasje soarge ek foar de opkomst fan de arbeidersbeweging en yn 1918 waard yn Horsens mei Axel Sørensen de earste sosjaaldemokratyske boargemaster fan Jutlân keazen.

Eveneminten en kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren wurde troch de gemeentlike bibleteek yn gearwurking mei Deenske útjouwers en boekferkeapers de saneamde Krimimessen organisearre, in litêrer evenmint yn it misdiedgenre dat sûnt 2001 bestiet. Leafhawwers fan it genre kinne Deenske en útlânske misdiedskriuwers tsjin komme.

Middelalderfestival

Sûnt 1995 wurdt yn Horsens alle jierren yn it lêste wykein fan augustus it Middelalderfestival holden. Eartiids waarden de midsiuwske feesten yn it sintrum holden, mar yn 2013 ferhûze it festival nei de finzenis fan Horsens, dy't sûnt 2012 as museum tsjinnet. Der binne riddertoernoaien, muzykfoarstellings en der is teäter. Mei de finzenis as dekor soarget it festival foar de yllúzje fan in grut kastiel mei in grutte midsiuwske merk mei muzyk, stekspullen, hannel en ambachten.

De stêd stiet ek bekend om syn konserten fan wrâldferneamde popmuzikanten.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Horsens fan Wikimedia Commons.