Homme fan Harinxma
Homme fan Harinxma (doopt Ljouwert, 2 augustus 1607 - 1663) soan fan Ernst fan Harinxma en Tieth fan Botnia.
Liet him op 18 maaie 1628 ynskriuwe as juridysk studint oan de Leienske Hegeskoalle as Homerus van Harinxma thoe Slooten. Dy namme naam er oan ynstee fan de eardere namme Harinxma fan Hettinga. Op 24 juny 1631 waard hy oansteld as riedshear oan it Hof fan Fryslân. Wie yn 1632 en 1633 bûtengewoan ôffurdige op de Steaten-Generaal. Neffens Reiner Neuhusius yn syn Poëmata Juvenilia gie hy nei De Haach om mei de fijannen oer de frede te ûnderhanneljen, wannear blykt lykwols net. Op 10 july 1641 droech hy it riedshearamt oer oan syn broer Pieter.
Op 5 april 1637 trout er mei Catharina fan Cammingha, erfdochter fan It Amelân, dy't him twa bern skonk, Teth en Ernst, dy't hy beide oerlibbe. Twa skildere portretten troch ûnbekende keunstners wienen by Mr. P.A.V. baron fan Harinxma thoe Slooten yn Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|