Springe nei ynhâld

Holle Hoarn-Bear

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Holle Hoarn Bear)
Holle Hoarn-Bear
persoanlike bysûnderheden
echte namme Matȟó Héȟloǧeča
oare namme Hollow Horn Bear
nasjonaliteit (Sioux)
berne ±1850
berteplak Nebraska Territory
stoarn 1913
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan 'e
      Brulee-Lakota

Holle Hoarn-Bear (Lakota: Matȟó Héȟloǧeča, útspr.: [ma'tˣo: he:'χloʁeʧa], likernôch: "matchoo heechlogeetsja" (mei de g fan 'bûge'); Ingelske oersetting: Hollow Horn Bear; yn Sheridan County (Nebraska), ±1850Washington, D.C., 1913) wie in opperhaad fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard bekend as oanfierder fan 'e Yndianen yn 'e Oarloch fan Reade Wolk en letter yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. Neitiid ûntjoech er him yn 'e reservaatperioade ta ien fan 'e wichtichtste lieders fan 'e Brulee-Lakota.

Holle Hoarn-Bear waard omtrint 1850 berne yn wat no Sheridan County is, yn 'e Amerikaanske steat Nebraska. Hy hearde ta de Brulee-substamme fan 'e Lakota, en wie de soan fan it opperhaad Izerne Skaal. Yn syn jonkheid die Holle Hoarn-Bear mei oan oerfallen op 'e Pâny (Pawnee), dat tradisjonele fijannen fan 'e Lakota wiene. Letter wied er behelle yn oanfallen op 'e forten dy't it Amerikaanske Leger op it lân fan 'e Lakota boud hie om 'e blanke kolonisten te beskermjen dy't oer it Bozeman Trail reizgen.

Holle Hoarn-Bear op in Amerikaanske postsegel út 1922.

Under de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) ûntjoech Holle Hoarn-Bear him ta ien fan 'e lieders fan 'e Lakota yn harren striid om it gebiet fan 'e Powderrivier, dêr't it Bozeman Trail dwers trochhinne rûn. Dêrby naam er û.m. diel oan it saneamde Fetterman-bloedbad, wêrby't in Amerikaanske kavalery-ôfdieling ûnder kaptein William J. Fetterman alhiel ferdylge waard. Letter focht Holle Hoarn-Bear ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach tabrocht.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1870-er jierren begûn Holle Hoarn-Bear yn te sjen dat it ferset tsjin 'e Amerikanen sinleas wie. Neitiid waard er by ferskate gelegenheden útnûge om by seremoanjes yn it Easten fan 'e Feriene Steaten de Yndianen te fertsjintwurdigjen, wat him in beskate bekendheid joech. Hy waard oansteld as it haad fan 'e Yndiaanske plysje yn it Rosebud Yndianereservaat fan Súd-Dakota, dêr't er yn augustus 1881 de Brulee-haadman Kriehûn arrestearre foar de moard op it opperhaad Bûnte Sturt. Dêrnjonken wie Holle Hoarn-Bear ek ferskate kearen belutsen by ûnderhannelings tusken de Lakota en de Amerikaanske autoriteiten.

Ynauguraasje fan Theodore Roosevelt, 4 maart 1905. Holle Hoarn Bear rydt it fierst rjochts

Yn juny 1895 easke er it ûntslach fan J. George Wright, in ympopulêr Yndiaansk agint, dy't op eigen manneboet de grutte fan 'e rantsoenen dy't yn it Rosebud Reservaat oan 'e Yndianen útrikt waarden, ferlytse hie. Dêrby joech er Wright in ultimatum om it reservaat binnen 21 dagen te ferlitten. By wize fan antwurd sleat Wright Holle Hoarn-Bear yn septimber 1895 op yn it selleblok fan it Yndiaansk agintskip, mar dêrnei waard er weromfluite en moast er it opperhaad wer op frije fuotten stelle. Yn 1896 waard Wright fuortpromovearre nei it amt fan Yndiaansk ynspekteur mei tafersjoch oer in grut tal Yndianereservaten.

Holle Hoarn-Bear waard yn 1905 útnûge om diel te nimmen oan 'e presidinsjele ynauguraasje fan Theodore Roosevelt. Yn 1913 joech er by de ynauguraasje fan presidint Woodrow Wilson lieding oan in groepke Yndianen dat yn 'e feestlike optocht meiried. By dat besyk oan Washington, D.C. rûn Holle Hoarn-Bear lykwols in longûntstekking op dy't him fataal waard. Hy stoar sadwaande yn 'e Amerikaanske haadstêd, yn 'e âlderdom fan 63 jier. Syn stoflik omskot waard begroeven yn Todd County, yn Súd-Dakota. Yn 1922 pronke it byltenis fan Holle Hoarn-Bear op in Amerikaanske postsegel fan 14¢.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.