Springe nei ynhâld

Hollânske Skiekundigen

Ut Wikipedy

De Hollânske Skiekundigen wie in genoatskip fan seis Amsterdammers dy't mei-inoar oan de ein fan de 18e iuw wichtich skiekundich ûndersyk dienen.

De Hollânske skiekundigen wienen:

Skiednis en ûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1789 lieten Deiman en Paets van Troostwijk sjen dat wetter mei elektrisiteit te ûntleden is yn wetterstof en soerstof, en dat dy gassen mei-inoar wer wetter foarmje kinne. In jier letter (ein 1790) rjochten Paets van Troostwijk, Deiman en Nieuwland it Selskip fan de Hollânske Skiekundigen op, wyls Bondt yn 1791 as fjirde lid by it Genoatskip kaam. Neidat Nieuwland fuortgie nei Leien waard syn plak ynnaam troch Lauwerenburg (1793), en Vrolik waard lid nei it ferstjerren fan Bondt (1796).

De leden fan it selskip dienen tal fan proeven. Sy makken ûnder oaren yn 1794 1,2-digloaretaan út eteen en gloar, dat dêrom eartiids Oalje fan de Hollânske Skiekundigen neamd waard. Eteen hjitte destiids dan ek it oaljefoarmjend gas (Frânsk: gaz oléfiant), wêrfan't de namme olefinen foar de alkenen ôflaat is.

De Hollânske Skiekundigen hearden ta de earste oanhingers fan Antoine Lavoisier, fan waans nije skiekundige stelsel sy de foarneamste ferdigeners wienen. Troch harren oarspronklik ûndersyk hawwe hja bydroegen oan de delfal fan de doe hearskjende flogistonteory yn it foardiel fan de nije oksidaasjelear.

  • Recherches physico-chymiques (1792-1794)
  • Natuur-scheikundige verhandelingen (1799-1808)