Het Nieuwe Kanaal
Het Nieuwe Kanaal | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
haadkertier | Ljouwert (Fryslân) | |
oprjochte | 2016 | |
oprjochter | Wim de Vries, Laura Luiks | |
eigner | Wim de Vries, Laura Luiks | |
offisjele webside | ||
hetnieuwekanaal.nl |
Het Nieuwe Kanaal is in útjouwerij dy't fêstige is oan 'e Emmakade yn Ljouwert. Dit bedriuw waard yn 2016 oprjochte troch Wim de Vries en Laura Luiks, dy't doe al mear as fiifentweintich jier yn 'e útjouwerijsektor wurksum wiene. It doel fan Het Nieuwe Kanaal is nei eigen sizzen om op beskieden skaal opmerklike boeken op 'e merk te bringen yn sawol it Frysk as it Nederlânsk, troch de ynset fan redakteurs, oersetters, fotografen en yllústrators mei ûnderfining yn har berop. De útjouwerij is ferneamd nei it Nije Kanaal, de grêft dy't by de Emmakade lâns rint.
Guon fan 'e earste útjeften fan Het Nieuwe Kanaal wiene Mijn Wadden, fan Gerrit Jan Zwier; De Lêste Floed, fan Durk van der Ploeg; Groninger Toparchitect A.Th. van Elmpt, fan Bertus Fennema, Kovvietied, fan Bert Uil; Hoe't God Ferdwûn út Jorwert, de Fryske oersetting troch Abe de Vries fan Geert Mak syn klassiker Hoe God Verdween uit Jorwerd; en Completen, fan Marga Claus. Begjin 2017 waard oankundige dat mei koarten ek Nuttige Handwerken, fan Aly van der Mark, Nieuwe Friezen 2.0, fan Marja Boonstra, en Famke, Famke, fan Ale S. van Zandbergen by Het Nieuwe Kanaal útkomme soene.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |