Hermanus Willem Koekkoek
Hermanus Willem Koekkoek | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 7 jannewaris 1867 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 9 septimber 1929 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Hermanus Willem Koekkoek (Amsterdam, 7 jannewaris 1867 - dêre, 9 septimber 1929) wie in Nederlânske keunstskilder, benammen bekend om syn militêre tafrielen. Hy kaam út it ferneamde skildersgeslacht Koekkoek en wie de soan fan stedsskilder Willem Koekkoek en broer fan Marinus Adrianus Koekkoek.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hermanus Willem Koekkoek waard oplaat troch syn heit, Willem Koekkoek. Hy wenne en wurke ynearsten yn Amsterdam, hold fan 1887 oant 1891 yn Londen ta, dêr't syn omkes Hermanus Koekkoek de Jonge en Barend Hendrik Koekkoek yn de keunsthannel sieten, gong werom nei Amsterdam en sette yn 1901 opnij ôf nei Londen. Begjin jierren 1920 kaam er werom nei syn bertestêd, dêr 't er yn 1929 ferstoar, 62 jier âld.
Hermanus Willem Koekkoek makke benammen namme as skilder mei militêre foarstellingen. Hy wie ien fan de inkelde Nederlânske keunstskilders dy 't dit sjenre beoefenen. In soad fan syn wurken hawwe militêre operaasjes út de Frânsk-Dútske Oarloch (1870 -1871) as ûnderwerp, dêr't er sekuer histoarysk ûndersyk foar útfierd hat. It leafst skildere er 'kavalerysjarzjes, mar ek it deistige soldatelibben hie syn omtinken. Yn Ingelân wurke er foar The Illustrated London News, The Sketch en The Royal Magazine. Dêr makke er tekeningen as yllustraasje fan de Twadde Boere-oarloch.[1]
Yn 'e Earste Wrâldoarloch ferskynden syn tekeningen geregeldwei yn alle militêre tydskriften. Yn Londen en Amsterdam wurke er foar Williams & Sutch, dy't syn skilderijen ferkochten yn de Feriene Steaten en Kanada. Syn lânskippen en stillibbens wiene der populêr.[2]
Koekkoek makke teffens portretten, sjenrewurken, histoaryske tafrielen en dierfoarstellingen.
Ferskate fan syn skilderijen binne yn it Legermuseum yn Delft te sjen.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Frânske marinier by fort in Cochin-China
-
Ten aanval
-
De zwaarden poetsen
-
Huzaren
-
Prusyske kavaleristen
-
Argyle and Sutherland Highlander
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Biografy @ Het Schildersgeslacht Koekkoek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hermanus Willem Koekkoek fan Wikimedia Commons. |