Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Kollumersweach)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Kollumerlân
plak Kollumersweach
adres Foarwei 141
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
offisjele webside
Herfoarme gemeente Kollumersweach

De Herfoarme tsjerke is de tsjerke fan de Nederlânsk-herfoarme gemeente yn Kollumersweach. De tsjerke is in ryksmonumint.[1]

Krekt as de grifformearde gemeente is de herfoarme gemeente fan Kollumersweach oansletten by de PKN. Alhoewol't der oan in hichte ta gearwurking is tusken beide gemeenten, foarmje de twa gemeenten noch aparte tsjerken yn de PKN.

Skiednis tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De herfoarme tsjerke fan Kollumersweach waard yn de 12e iuw as in romaansk bouwurk set. It âldste diel fan de tsjerke is de toer, it skip is krekt wat jonger. Yn de 15e iuw waarden it trijesidige koer en de gotyske ramen oanbrocht.

Noardlik portaal

De let-goatyske yngongen ûntstiene yn de 16e iuw. De súdlike yngong is tsjintwurdich tichtmitsele. Yn de nis binnen de spitsbôge fan it noardlike portaal stiet de tekst "Zie ik verkondig u grote blijdschap" út it evangeelje fan Lukas 2:10 te lêzen.

De 12e iuwske toer waard yn 1872 foar in part ôfbrutsen en wer opmitsele. In folgjende restauraasje wie yn 1960. Yn de toer hingje klokken út 1769 en 1948. De âldste klok waard troch Johan Christiaan Borchhard getten.[2]

Yn 2012 stie de tsjerke foar it lêst yn de steigers. De dakpannen waarden wer rjocht lein en dêr't it moast waarden de muorren op 'e nij foege. De steunbearen krigen in laaien ôfdekking. Om it minsken mei in beheining makliker te meitsjen, waard it paad nei de yngong fan de tsjerke skean omheech makke. Dêrby waard stoflike omskotten fûn fan inkelde iuwen âld, dy't earne oars op it hôf op 'e nij begroeven binne.[3] Yn 2016 waard der grut ûnderhâld oan de toer ferjochte. De toer krige û.o. in nije solderflier, bliksembefeiliging en nije buorden foar de kloksgatten.[4]

It skip wurdt tsjintwurdich ôfsletten troch in houten trapeziumfoarmich ferwulft út 1888, dat in flak houten plafond ferfong. Dat de tsjerke ea in stiennen ferwulft hie wurdt net útsletten.

De preekstoel en it doophek yn it koer fan de tsjerke datearje út de 19e iuw. Op de balustrade fan de kreake stiet de tekst: Ontvangt met zachtmoedigheid het woord dat u geplant wordt, hetwelk uwe zielen kan zalig maken (Jakobus 1:21). De nammen fan de predikanten fan ôf 1567 oant no binne op twa buorden te lêzen.

De oargelfirma Bakker & Timmenga út Ljouwert boude yn 1904 it oargel boppe de preekstoel. It mechanyske sleeplage oargel hat njoggen registers mei in oanhongen pedaal.[5]

Kloklûdershûske

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It lytse hûske mei in reiten tek oan de Foarwei 120 (it saneamde Willem's hûske) wie foar lange tiid de wenning fan de kloklieder.[6]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rijksmonumenten.nl
  2. Noordelijk Oostergo - Kollumerland en Nieuw Kruisland (1989), Herma M. van den Berg, side 127
  3. RTV NOF
  4. RTV NOF
  5. Orgelsite.nl
  6. Noordelijk Oostergo - Kollumerland en Nieuw Kruisland (1989), Herma M. van den Berg, side 129