Grifformearde tsjerke (Kollumersweach)

Ut Wikipedy
Grifformearde tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Kollumerlân
plak Kollumerzwaag
adres Foarwei 97
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1925
arsjitekt Ane Nauta (1882-1946)
offisjele webside
Tsjerke yn Kollumersweach

De Grifformearde tsjerke oan de Foarwei is in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente yn Kollumersweach, gemeente Kollumerlân. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 29 maaie 1851 ûntstie in Kristlik ôfskieden gemeente yn wat tsjintwurdich by Kollumersweach, mar wat doe noch by Westergeast hearde. De gemeente makke fan ôf 1892 diel út fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en kaam doe "Grifformearde gemeente Westergeast" te hiten. Yn 1929 feroare mei it selsstannich wurden fan Sweagerfean de namme fan de gemeente yn "Grifformearde gemeente Sweagerfean" en doe't Sweagerfean mei Sânbulten gearfoege waard, kaam de gemeente "Grifformearde gemeente Kollumersweach" te hiten.

Mense Ruiter-oargel

De earste tsjerke stie op itselde plak as de hjoeddeiske tsjerke en waard yn 1851 boud. Nei de doleânsje waard it tsjerkje te lyts en ferfongen troch in gruttere tsjerke. Yn 1925 wie ek dy tsjerke te lyts woarn en ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it tsjintwurdige tsjerkegebou. Yn 1960 waard foar oare tsjerklike aktiviteiten achter de tsjerke "De Boei" oanboud.[1]

Ferbouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2008 waard útein set mei in grutte renovaasje om it gebou in multifunksjonelere ynrjochting te jaan. De banken yn de tsjerke waarden útsein dy fan de kreake ferwidere en troch stuollen ferfongen. Foar de houten flier kamen plavuizen yn it plak en ek it liturgysk sintrum waard fernijd. Ek De Boei ûndergyng in renovaasje. Salang't der wurke waard oan de renovaasje tsjerkten de grifformearden by de herfoarmen. By it wer iepenjen fan it gebou op 7 septimber 2008 krige de grifformearde gemeente fan de herfoarmen in nije kânselbibel oanbean. [2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Grinzer oargelbedriuw Mense Ruiter boude it oargel yn 1980, dat in âlder oargel fan 1925 ferfong. It nije oargel krige achttjin registers, wêrfan't sân ôfkomstich binne fan de foargonger. Letter waard it oargel nochris útwreide mei in trompetregister op it pedaal.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: