Herfoarme tsjerke (Gaast)
Appearance
De herfoarme tsjerke fan Gaast is in tsjerkegebou oan de Seedyk fan Gaast yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
De sealtsjerke út 'e 14e iuw mei trijesidige koarsluting waard yn 1916 ommitsele. Yn de houten geveltoer mei ynsnoerde spits hinget in klok (1718) fan Jan Albert de Grave. It meganysk toeroerwurk is makke troch Van Bergen. It oargel út sirka 1860 is boud troch Willem Hardorff. De tsjerke is in ryksmonumint.
De tsjerke waard op 23 novimber 2018 oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|