Gaast
| Gaast | ||
| Sicht op Gaast | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 200 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 5,69 km² (5,65 km² lân, 0,04 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 35 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8757 | |
| Netnûmer | 0515 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 1' NB, 5° 25' EL | |
| Eardere Grifformearde tsjerke fan 'e seedyk ôf sjoen | ||
| De Herfoarme tsjerke | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Gaast | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Himrik fan Gaast (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel | ||
Gaast is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de kust fan de Iselmar tusken Warkum en Makkum. Justjes súdlik fan Gaast sit in knik yn 'e Iselmardyk. De Dyksfeart rint fan noard nei súd eastlik fan 'e âlde doarpskearn, dy't tsjin de seedyk oan leit, dy't de farrûte fan Makkum nei Warkum by de seedyk del ferbynt. Noardlik fan it doarp spjalt de Gaaster Feart fan 'e Dyksfeart ôf nei it easten ta dy't eartiids yn iepen ferbining mei de Parregeaster Mar hie. Njonken dy feart, eastlik fan it doarp rint de ticht beboude Boerestreek.
Gaast hat 200 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gaasten binne hege balstien- en sângrûn, opstood troch Skandinavysk lâniis, sa'n 135.000 jier lyn. Gaast is op sa'n sânige hichte ûntstien. Yn 1275 waard skreaun oer Lutkagast, Lytse Gaast dus. Yn 1379 wurdt fan Gast sprutsen, yn 1512 Gaest en yn 1543 Ghaest. It miedlân fan Gaast waard yn 1543 Gaestergae zwagen neamd. Kaarten yn 'e 16e iuw neame Gaesum. De kaart mei Fryske farianten yn dy snuorje neame Iezegast, itjinge nuver liket en dêr mooglik Lietzegast mei ornearre waard. Yn 'e 19e iuw komt Olde-Gaast en Oude-Gaast. De namme waard foar de Steatestavering fan 1980 as Gaest stavere.
Gaast wie eartiids in fiskersdoarp oan de Sudersee. De ynwenners fertsjinnen harren brea mei de walfiskfangst. Yn it wapen fan Gaast stiet dan ek in walfisk ôfbylde. Troch syn tichte lizzing oan 'e âlde Sudersee, wie dêr ek altyd de driging fan stoarmwaar. Yn 1643 briek de dyk troch en yn 1703, doe't de dyk it noch krekt hâlde koe, fergienen der 23, meast Hylper skippen by Gaast.
Nei it oanlizzen fan 'e Ofslútdyk feroare de Sudersee yn 'e Iselmar en feroare Gaast yn in doarp dat benammen libbe fan 'e see ta in doarp dat benammen fan 'e lânbou libbet.
Oant 2011 lei Gaast yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Walfiskfeart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gaast is in âld fiskersdoarp. In protte Gaasters wienen eartiids fiskers en fertsjinnen it deistich brea as bemanningslid yn 'e walfiskfeart. Sa komt ek de walfisk yn it doarpswapen. Lange tiid wie yn in hûs in stien ynmitsele mei it ôfbyld fan in walfisk. Yn 1995 waard der yn it weidek fan de Buorren yn Gaast in walfisk ynfluorre, as oantinken oan de walfiskfeart en as komepensaasje fan it ferdwinen fan de gevelstien út it doarp. No leit de stien yn it Frysk Skipfeartmuseum fan Snits.
Troch de ynset fan Doarpsbelang en yn gearwurking mei it skipfeartmuseum is der in kopij fan de stien makke. Dy is ynmitsele yn 'de Fûke' te Gaast.
Rêdingsstasjon
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1913 - 1941 hie Gaast in rêdingstation fan de NZHRM, om skippen yn need help te bieden op wat doe noch de Sudersee wie. Yn “de Fûke” en yn “het boek van Gaast” binne foto's dêrfan te sjen.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Gaast).
De herfoarme tsjerke út de 14e iuw hat in houten tuorke út 1763 waard yn 1906 ommitsele. Yn de âlde tsjerke preke yn de 17e iuw dûmny Adam Westerman, dy't in stichtlik boek foar seelju skreau, de ferneamde (Groote) Christelycke Zee-vaart (1611), dat lange tiid ferplicht oan board fan VOC-skippen wêze moast. Ien fan syn opfolgers, Petrus Vomelius, waard in heal iuw letter fuortstjoerd út reden fan liderlik hâlden en dragen. It behear fan 'e tsjerke waard op 23 novimber 2018 oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
De grifformearde tsjerke sit yn de ferboude âlde skoalle fan it doarp. Yn 1998 waard er bûten gebrûk nommen en ta wente omboud.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feriening foar Doarpsbelang fertsjintwurdiget de belangen fan 'e ynwenners fan Gaast en komt byinoar yn it doarpshûs, De Fûke.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1991 hie it doarp in eigen skoalle. Dy fusearre doe mei dy fan Ferwâlde. Dy skoalle, De Finne, moast lykwols yn 2016 sels ek slute, omreden te min learlingen.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trije yn Ien, keatsferiening mei Ferwâlde.
Fierders binne der yn it doarp in biljertklub, in sjongklub eb in toanielferiening, ek mei Ferwâlde.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Protetstantske gemeente Warkum
- Pleatslike kommisje Gaast-Ferwâlde
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2007 | 2013 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 343 | 323 | 287 | 257 | 267 | 214 | 205[2] | 190[2] |
Berne yn Gaast
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dirk van Dijk, (1894-1976), predikant
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eangterperleane
- Boerestreek
- Buorren
- De Greide
- Marwei
- Sielânsreed
- Seedyk
- Sandlân
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn de winter fan 2009-2010 wiene der by Gaast iisskossen fan wol 6 meter efter de dyk. Dat luts likernôch 25.000 minsken.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gaast fan Wikimedia Commons. |
