Herfoarme tsjerke (Abbekerk)
Herfoarme tsjerke fan Abbekerk | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Medemblik | |
plak | Abbekerk | |
adres | Dorpsstraat 42 | |
koördinaten | 52° 43'N 5° 1'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | Net mear yn gebrûk, no mienskipshûs | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1500 | |
boustyl | Letgoatysk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | tsjerke 30655 [1] toer: 30656[2] | |
Kaart | ||
De goatyske herfoarme tsjerke yn it Noard-Hollânske plak Abbekerk wie oant 2021 ien fan de gebouwen fan de protestantske gemeente Midden Westfryslân. De tsjerke is yn dat jier oerdroegen oan de stifting 'Cultuurhuis ABBEkerk', dy't de tsjerke as in mienskipsgebou eksploitearret.[3].
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ienskippige tsjerke mei in fiifsidich koer waard om 1500 hinne boud fan âlder materiaal. Mooglik nei skea waard de tsjerke al yn 1517 ferhege. It twa traveeën lange koer stamt út it twadde fearn fan de 16e iuw. De bakstiennen spits waard healwei de 19e iuw ferfongen. By de restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1949-1952 waard de tsjerke restaurearre; de bepleistering fan de toer waard doe ferwidere, dy't doe op 'e nij bemitsele is, wylst fan de tsjerke it pleisterwurk fernijd waard. Yn it lêste fearn fan de 19e iuw waard op it tsjerkhôf in konsistoarje en sneinsskoalle boud.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de lingte fan de muorrestilen en de foarm fan de kraachstiennen is te sjen wêr't de grins fan it skip en it like brede koer leit (it koer is wat jonger as it skip). It tonferwulft fan it skip waard yn 1698 fernijd, wylst it tonferwulft fan it koer neffens it boppe it middelste koerraam skildere jiertal yn 1756 fernijd waard. Tsjin de noarlike muorre stiet in mei it wapen fan Abbekerk fersierde hearebank út 1728. Yn de tsjerke hingje trije koperen kroanen.
De klok yn de toer waard yn 1684 getten troch Claude Fremy. It mechanyske oerwurk is 17e-iuwsk.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1865 boude Hermanus Knipscheer in nij mechanysk sleeplade-oargel foar de tsjerke. H.W. Flentrop brocht yn 1927 feroarings oan yn de disposysje. It twamanualige ynstrumint hat 15 registers ferdield oer haad- en boppewurk en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|