Heppenheim
Heppenheim | ||
Riedshûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Hessen | |
lânkring | Bergstraße | |
Stedsyndieling | 9 Stadtteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 27.610 (31.12.2023)[1] | |
Oerflak | 52,12 km² | |
Befolkingsticht. | 530 ynw./km² | |
Hichte | 122 m | |
Oar | ||
Postkoade | 64646 | |
Koördinaten | 49° 38' N 8° 38' E | |
Offisjele webside | ||
heppenheim.de | ||
Kaart | ||
Heppenheim is de Kreisstadt fan 'e Súdhessyske Kreis Bergstraße yn Dútslân. De stêd leit oan 'e Bergstraße oan 'e râne fan it Odenwald. Heppenheim is bekend as it berteplak fan 'e Formule 1-wrâldkampioen Sebastian Vettel. Ek waard yn Heppenheim de liberale partij FDP stifte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard foar it earst yn 755 neamd en krige yn 1318 stedsrjochten. De liberale Heppenheimer lândei yn 1847 waard de opmaat nei de Dútske Revolúsje yn 1848/1849. Dêrom waard yn Heppenheim yn 1948 ek de Freie Demokratische Partei stifte waard.
De histoaryske stêd leit ûnder de slotberch mei de midsiuwske Starkenburg. Njonken it kastiel is ek de Sint-Petertsjerke karakteristyk foar it stedsbyld, de yn 1904 wijde katolike tsjerke dy't yn 'e folksmûle ek de 'dom fan 'e Bergstraße' neamd wurdt, mar fierder gjin biskopstsjerke is.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heppenheim leit oan 'e Berchstraße, de rûte dy't fan Darmstadt nei Heidelberch lâns de westlike râne resp. eastlike râne fan 'e Rynflakte rint. Dêrnjonken is de Bergstraße ek it gebiet mei in bysûnder myld kimaat mei in soad sinneskyn.
Yn it stedsgebiet leit de Bruchsee, in 11 hektare grutte mar dy't troch baggeraktiviteiten ûnstie. Troch Heppenheim streamt de Weschnitz, in sydrivier fan 'e Ryn.
It noardlike diel fan Ober-Laudenbach foarmet in enklave yn it Baden-Wuertemberchske gebiet. Yn dy enklave en yn it súdike diel fan Ober-Laudenbachs lizze wer twa Baden-Wuertemberchske enklaves.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de kearnstêd Heppenheim bestiet de stêd út de stedsdielen, dy't yn 1972 by de stêd yndield binne en oant dy tiid selstannige gemeenten foarmen:
- Unter-Hambach
- Ober-Hambach
- Kirschhausen (mei Igelsbach)
- Erbach
- Sonderbach
- Wald-Erlenbach
- Mittershausen-Scheuerberg
- Ober-Laudenbach.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De histoaryske stedskearn fan Heppenheim bleau foar in grut part bewarre. Op in oerflak fan likernôch seis hektare binne de measte gebouwen te finen dy't it besjen wurdich binne. Karakteristyk foar de stêd binne de fakwurkhûzen, dy't fral yn 'e earste dessinia nei de ferneatiging fan 'e midsiuwske stêd yn 'e Njoggenjierrige Kriich (1693) boud binne. De midsiuwske stedsmuorren binne op fragminten nei yn 'e earste helte fan 'e 19e iuw ôfbrutsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Heppenheim (Bergstraße) (ferzje 19 juny)
|