Helbadastins

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Helbadastins ek: Albadastate stie oan de ein fan de hjoeddeiske Bongaloane yn Ferwert yn de gemeente Ferwerderadiel. Op it stee stiet in grutte pleats mei de namme Albada. It ferhege terrein is as archeologysk monumint beskerme en kin in let-midsiuwsk stinsterrein wêze.

Wurdt foar it earste neamd yn 1418. Yn 1540 doe Hilbada en letter faak Albada neamd wie it al om 1500 gjin stins mear. It is in moai foarbyld fan in hûs dêr't de family yn manlike line útstoar, de stins yn froulike line yn oare familys fererve en dêrtroch as boppetallich yn in gewoane pachtpleats feroare. It neitinken oan de âlde family Helbada bleau yn genealogyske hânskriften en yn de fantastyske skiedskriuwing fan de 16e iuw bewarre. Oer de Helbada's waard yn de midden fan de 16e iuw in hielendal op fantasij berêstend ferhaal oer in fete mei de Ropta's fan Mitselwier en de Cammingha's optekene. Yn 1297 en 1298 soenen sy by Ferwert en Hegebeintum fochten hawwe. Ek yn de midden fan de 16e iuw ynterpretearre Sibrandus Leo de tanamme fan Saspurga de Hasoeba, om 1240 frou fan de ferneamde edelman Wibrand Kempinga (Cammingha) fan Camminghabuorren, as de Helbada. 1)

De earste histoaryske fermelding is fan 1418. Botto Halbada te Ferwert en syn sweager of skoansoan 2) Gherbeth Kammyngha wiene doe "eeheren" (rjochters) te Ferwert. Yn dy funksje befêstigen se tegearre mei grytman Youwernd Bottyngha (Botnia) de Roorda's fan Ginnum yn de eigendom fan lân ûnder Hegebeintum. Yn 1422 sluet Botto him as Fetkeaper by it haadlingebûn oan, tagelyk mei de Skieringer Gerbeth Cammingha. In dochter fan Botte, Frouck Helbada, troude mei Jeppe Kampaz Jeppema te Westernijtsjerk. Yn 1437 fertsjintwurdige Jeppe Botte Halbada yn in skeel mei it kleaster Klaarkamp; it gie om ferskate saken, lykas in erfeniskwestje, grûnbesit, slûsûnderhâld, in âlde "kloosterprebende" en meardere gefallen fan "rôf". Mooglik wie dizze Botte Helbada fan 1437 in jongere Botte; hy soe dan de sweager fan Jeppe west hawwe kinne. Ek yn 1454 komt nammentlik noch in Botto Halbada foar. Ut namme fan de gritenij Ferwerderadiel sluet hy yn dat jier in ferbûn mei de stêd Bremen. Ut de fierdere eigendomsskiednis fan Helbada state blykt dat hy gjin neiteam hie. 3) Yn in twadde houlik wertroude syn suster Frouck Helbada nammentlik mei Ernst Unema te Blije. Yn 1511 wie Helbada eigendom fan neikommelingen út dit houlik, nammentlik (pakesizzer) Jancke Unema, Rynts (Foppinga, widdo fan pakesizzer Sipt Unema alias) Jeppema en Tiepka Goslinga (troud mei pakesizzer Frouck Unema). Troch oankeap krige Jancke Unema letter hiel Helbadastate

Yn 1543 hearde in rinte út dit goed ta de pastoralia, dêr't lykwols in proses oer rûn. Yn 1581 luts de pastorij hier út mieden by Helbada. Yn 1761 kocht de widdo fan Lieuwe Taekles it goed. De ferkeapers hienen it ûntfongen by legaat fan Philippus fan Vierssen, kocht fan Assuerus en Johan Vegelin fan Claerbergen en fan de bern fan J. A. Schorer. Philippus wie de soan fan Gijsbert fan Vierssen waans widdo en erven eigeners wienen neffens it stimkohier fan 1698. Yn 1761 wie it goed ferhierd oan de 'bysitter' F.J. Wijmstra, dy't mei de dochter fan de widdo Taekles trout. Dat span wenne op de state oant syn dea yn 1774. Troch houlik fan harren dochter kaam it goed yn hannen fan de family Looxma, dy't de pleats yn de 19e iuw ferpachte.

Al om 1500 sil Helbada in gewoane pleats west hawwe; ek yn 1511, 1540 en fan 1640 - 1987 wie dat it gefal. Op de lizzing fan Helbada net fier fan Hegebeintum doelde yn de 16e iuw it ferhaal oer de optochte fete fan de Helbada's yn 1297. It archeologysk beskerme terrein ûnderskiedt him noch troch de ferhege lizzing en de grêften.

Eigeners/bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1418, 1422 Botto Halbada
  • 1437, 1454 Botte Halbada jr.
  • Frouck Helbada troud mei Ernst Unema
  • Feyo Unema en Oentse Unema
  • 1511 Jancke Oentses Wnema; Rynts Foppinga, widdo Sipt Feyes Unema alias Jeppema; Tiepka Goslinga, troud mei Frouck Feyes Unema mienskiplike eigeners
  • Jancke Unema eigener fan it gehiel
  • 17e iuw Gijsbert fan Vierssen
  • 1698 widdo en erven fan Gijsbert fan Vierssen
  • 1761 widdo Lieuwe Taekles eigener; ferhierd oan de 'bysitter' F.J. Wijmstra en syn frou
  • fam. Looxma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp, ± 1955
  • 1) Noomen, "Cammingha", 73. Fan it Ferwerter Helbadastate stamt de aadlike family Helbada, by it Ternaarder Helbadastate lei yn de Nije Tiid noch in stinswier. Fanwege de Mariengaarder kontekst en de bekendheid fan de aadlike family tocht Sibrandus Leo nei alle gedachten oan Helbada te Ferwert.
  • 2) Doedt Bottesd Helbada troude mei Gerbeth Cammingha te Ferwert. Sjoch Camminghastate te Ferwert.
  • 3) Utsein de Cammingha's en Mockema's (Cammingha te Ferwert), Jeppema's en Unema's (Helbada te Ferwert) rekkenen ek de Bolta's en Eysinga's (Bolta te Holwert) de Helbada's fan Ferwert ta haren foarâlden: UvB, sub Eysinga: "deze Tialingh was de zoon van Inte Bolta uit Fokel Helbada te Ferwerd".