Springe nei ynhâld

Heinrich Barth

Ut Wikipedy
Heinrich Barth yn 1860

Heinrich Barth (Hamburch, 16 febrewaris 1821 - Berlyn, 25 novimber 1865) wie in Dútsk ûntdekkingsreizger. Hy folge in oplieding oan de Universiteit fan Berlyn. Hy wie doe al yn Itaalje en op Sisylje west en dêr wie ek it plan foar syn reizen ûntstien. Dêrnei studearre er Arabysk yn Londen. Doe't er dêrmei klear wie, reizge hy yn 1845 troch it Middellânske Seegebiet.

Barth gie út Tanger wei oer lân troch hiel Noard-Afrika, ûnder oaren nei Egypte. Dêr besocht er de Nyl en gie troch de woastyn nei Berenise. Yn Egypte waard er oanfallen troch rovers. Fierders reizge er troch Palestina, Syrje, Turkije, Lyts-Aazje en Grikelân. Earst yn 1847 gie er werom nei Berlyn.

Heinrich Barth by Timbûktû, 7 septimber 1853

Yn 1849 begûn er oan in reis troch West-Afrika, de Sahara en Sûdan.

Barth syn reisferhalen kamen tagely yn it Ingelsk en it Dútsk út ûnder de titel Reisen und Entdeckungen in Nord- und Zentralafrika (Travels and Discoveries in North and Central Africa; 1857–1858, 5 dielen, sa'n 3.500 siden). It wurk waard beskôge as ien fan it bêste yn syn soarte. Darwin helle wol feiten út it wurk oan en it wurdt no noch brûkt troch Afrikaanske skiedkundigen, want it bliuwt in wichtich wittenskiplik wurk oer Afrikaanske kultueren en in boarne fan belang foar West-Afrikaanske histoarisy.

Syn wurk smiet him ûnderskiedings en ûnder oaren it heechlearaarskip geografy oan de Universiteit fan Berlin op.