Heidenske Kapel
Heidenske Kapel | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Hollâns Kroan | |
plak | Stroe | |
adres | Smerperwei | |
koördinaten | 52° 55'N 5° 59'E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 2016 | |
boustyl | Romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
Side 'Heidenske Kapel Wieringen' | ||
Kaart | ||
De Heidenske Kapel is in kapel tusken it doarp Stroe en it buorskip Smerp op it eardere eilân Wieringen (gem. Hollâns Kroan). De kapel stiet op it tsjerkhôf en waard yn 2016 boud yn 'e styl fan in romaanske kapel. De kapel is regelmjittich iepen foar besinning of it baarnen fan in kearske (sjoch foar de iepeningstiden op de side fan de Stifting 'Heidenske Kapel Wieringen'). De kapel foarmet in ûnderdiel fan de kuierrûte 'In het voetspoor van Willibrord'. Pylgers ûnderweis nei Santiago de Compostella kinne yn de kapel in stimpel foar harren boekje helje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerkje stiet op in plak dat foar it kristenjen al in religieuze betsjutting hie. Yn de 7e iuw waard dêr in houten tsjerkje boud, dy't troch Willibrord (658-739) ynwijd waard. Dy tsjerke waard letter ferfongen troch in tsjerke fan dowestien. Ut argeologysk ûndersyk hat bliken dien dat dy tsjerke likernôch 20 meter lang wie. Letter ferfoel de tsjerke ta in kapel, dêr't noch gravueres fan bewarre bleaun binne. Yn it lêste fearn fan de 19e iuw waard de kapel fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en sûnt stie der op it hôf fan Stroe gjin tsjerke mear.[1]
Weropbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De weropbou fan de Heidenske Kapel wie in inisjatyf fan partikulieren, dy't foar dat doel de stifting 'Heidense Kapel' oprjochten. Foar de bou fan de kapel wie goed EUR 123.000 nedich, dat opbrocht waard troch de befolking; oanfolle troch mei jeften fan de stifting Talent en it Waadfûns.[2]
Baarch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppe de noardlike yngong fan de âlde kapel siet eartiids in gevelstien mei dêrop in baarch. De baarch late ta ferûnderstellings dat de stien oanbrocht wie om joaden bûten de tsjerke te hâlden, mar dat wol saakkundigen eins net oan om't der gjin joaden op Wieringen wennen. Oaren tochten dat de baarch mei Sint-Antonius te krijen hie, mar ek soks wol jin net oan, om't de tsjerke oan Willibrord en net oan Antonius wijd wie. Nei alle gedachten hie de baarch te meitsjen mei de tiid foar it kristenjen; foar de heidenske Germanen wie de baarch in symboal fan fruchtberens en wolstân en ek yn Dútslân binne yn muorren fan tige âlde tsjerkjes soartgelikense bylden út heidenske timpels fûn. Dat soe ek de namme Heidenske Kapel ferklearje. Fanwegen de frijsinnigens fan de bewenners fan Wieringen waarden de ynwenners troch oaren ek wol 'heidenen' neamt. Ek dat soe de namme ferklearje kinne. Yn 1921 waard de stien noch bewarre yn it Biskoplik Museum fan Haarlim, mar wêr't de orizjinele stien tsjintwurdich bedarre is wit nimmen.[3] Ek tsjintwurdich is yn de muorren in gevelstien fan in swyn oanbrocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|