Springe nei ynhâld

Harstastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Harsta State)
Harstastate
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Hegebeintum
koördinaten 53° 20' N 5° 51' E
Skiednis
stiftingsjier 15e iuw of earder
ferneatiging 1840 (foar in diel)
Kaart
Harstastate (Fryslân)
Harstastate

Harstastate is in state eastlik fan it doarp Hegebeintum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De âldste bewizen fan it bestean fan de state stamme út 1511.

De Harstastate yn 1723

Oarspronklik wie de Harstastate folle grutter. De tsjintwurdige Harstastate krige syn foarm om 1840 hinne. De boppeferdjipping en de oanbou binne doe ôfbrutsen omdat it net mear brûkt waard foar permaninte bewenning. Teffens waard it hûs doe beplastere. De tún is yn 1832 feroare yn in lânskipstún troch de ferneamde túnarsjitekt L.P. Roodbaard.

Under oaren de geslachten Van Coehoorn, Van Nijsten en De Schepper hawwe op de state wenne. De hearebanken, roubuorden en grêfkelder fan de bewenners binne te finen yn de Tsjerke fan Hegebeintum.

Yn 2018 waard Harstastate troch de eigeners, de famylje Van Riemsdijk, skonken oan Feriening Hendrick de Keyser ta behâld fan de state yn de takomst.

Nei in restauraasje is de state sûnt 2022 regelmjittich iepen foar it publyk. Tagongskaarten binne by it besikerssintrum te krijen.[1] It lofter diel fan de state kin hierd wurde as fakânsjehûs.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: