Harmen Cnossen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Harmen Cnossen (Snits, 4 april 1965) is in Nederlânsk dirigint.

Cnossen krige syn earste piano- en slachwurklessen doe't hy sân jier wie. Hy studearre slachwurk en piano oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert, it Sweelinck Konservatoarium yn Amsterdam en pauken oan de Herbert von Karajan Akademy by it Berliner Philharmoniker. Cnossen folge kursussen âlde musyk yn Weimar (Turingen) en Utert.

Al yn syn stúdzjetiid spile Cnossen yn it Europeesk Jeugd Orkest en dirigearre hy keamermuzyk, opera, oratoarium, symfonyorkesten, musical en tsjerkemuzyk.

Karrêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cnossen wie fêste dirigint by it Tchaikovsky Chamber Orchestra of Belgium en yn Nederlân fan it amateurorkest Coro e Orchestra di Giuseppe Verdi yn Grins wêrmei't hy muzyk fan de komponisten as Giacomo Puccini en Giuseppe Verdi utfierde. Fan 1996 - 1998 wie hy dirigint fan it studintenorkest Bragi yn Grins, dat hy nei spul mei it bestjoer ferliet. Sûnt 2006 is Cnossen dirigint fan it amateurorkest Kerkraads Symfonie Orkest en fan septimber 2007 ôf fan it UvA-Orkest J. Pzn Sweelinck.

Fan 1 novimber 2008 ôf is Cnossen dirigint fan de Marinierskapel fan de Keninklike Marine. Op 12 jannewaris 2009 begjint hy oan syn militêre foarming oan it Keninklik Ynstitút Marine (KIM) yn De Helder. Medio maart 2009 sil hy klear wêze mei syn oplieding en sil hy yn de rang fan Majoar fan de Marinierskapel oantrede by de kapel.

Prizen en ûnderskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cnossen wûn in gouden medalje yn 1995 op it Lovro von Matacic konkoers yn Zagreb, wêrnei't hy it Zagreb Filharmoanysk Orkest dirigearde yn it Requiem fan Wolfgang Amadeus Mozart. Yn 2005 wûn Cnossen de Hong Kong Philharmonic Orchestra Fellowship Award.