Springe nei ynhâld

Haring Haringsma

Ut Wikipedy
Sjoerd Wiarda en Haring Haringsma troch Piter Feddes fan Harns

Haring Thoe Heeg (1323 - 1404) wie de sechtjinde potestaat fan Fryslân (keazen ±1400/1401). Syn foargonger wie Sjoerd Wiarda

De skiedskriuwer Petrus Thaborita neamt "Haghe Haringsma" in hoveling. Haring Haringsma út Heech wie troud mei in Jelck. Hy wie Hearskip yn Heech fan 1381 ôf en waard letter potestaat fan Westergoa. Yn 1398 wie hy folmachtich fan Wapenbrugge (Súdwesthoeke) tsjinoer de greve fan Hollân, Albrecht fan Beieren. Yn 1400 waard hy ta potestaat keazen, mar inkeld foar Westergoa, mei Sjoerd Wiarda foar Eastergoa. In jier letter spile hy in rol by de frede fan Boalsert tusken Hollân en Fryslân. Hy waard opfolge troch Juw Dekema.

Haring wie de stamfaar fan de Harinxma's, syn soannen hjitten Agga, Syrick, Epa, Hotthya en Douwa. Hy hie ien dochter, Ymcke. Alle neisieten fan Haring krigen de tanamme 'Thoe Heeg' efter 'Harinxma'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • W. Eekhoff - "Geschiedenis van Friesland", 1851; "Dispereert niet", diel II