Springe nei ynhâld

Sjoerd Wiarda

Ut Wikipedy
Sjoerd Wiarda en Haring Haringsma troch Piter Feddes fan Harns

Sjoerd Pijbes Wiarda (keazen 1399 - 1410) wie de fyftjinde potestaat fan Fryslân.

Wiarda (1355 - 1410) wie de soan fan Pybe (Feddekos) Wyarda en Claer fan Eminga. Hy wenne op Wiardastate yn Goutum. Sjoerd wie de lêste dy't oer Eastergoa én Westergoa hearske.

Wiarda wie de oanfierder yn de striid tsjin de greve fan Hollân. Yn 1398 wie hy deputearre by it ferdrach mei Willem fan Beijeren, greve fan Hollân. Yn 1400 focht hy mei as Skieringer yn de Slach om Dokkum en om de Camminghastins.

Yn 1400 waarden de meardere potestaten keazen foar Eastergoa en Westergoa, wegens de godstsjinstige twisten tusken de Skieringers en de Fetkeapers. Haring Haringsma of Haring thoe Heeg, stamfaar fan de Harinxma's, waard tagelyk keazen foar Westergoa. Sjoerd Wiarda wie de opfolger fan Odo Botnia.