Springe nei ynhâld

Hanneke Groenteman

Ut Wikipedy
Hanneke Groenteman yn 2018

Hanna (Hanneke) Groenteman (Amsterdam, 20 july 1939) is in Nederlânsk sjoernaliste en presintator.

Groenteman moast as beuker fanwege har Joadsk komôf ûnderdûke. Nei de Twadde Wrâldkriich folge sy it gymnasium oan it Spinozalyseum. Dêrnei die sy in sikretaresseoplieding by Schoevers en studearre sy in stikmannich jierren Frânsk oan de Universiteit fan Amsterdam. Sy wie doe lid fan de studintebeweging Politeia en fan de Sosjalistyske Jeugd.

Dêrnei wurke sy by de krante Het Parool, yn it earstoan op de type-ôfdieling en fan 1962 oant 1973 as sjoernalist. It ûnderwiisfernijingsprojekt fan Co van Calcar wurke sy ek fjouwer jier foar. Yn 1975 gie se oan de gong by de VARA-radio. Op 30 april 1980 fersloech Groenteman tegearre mei Stan van Houcke foar de Vara de rebûlje om de kroaning fan Prinsesse Beatrix hinne. Harren ferslachjouwing soarge foar slimme lilkens en Keamerfragen.[1]

Letter gie Groenteman oer nei de VPRO, dêr't sy sân jier it VPRO-keunstprogramma De Plantage presintearre. Yn 1998 presintearre sy ek it programma Zomergasten.

Yn it seizoen 2004-2005 wie hja ien fan de presintatoren fan B&W.

Fan 2007 ôf brocht Groenteman it programma Sterren op het Doek foar Omrop MAX.

Groenteman op it Feest der Letteren yn 2010

Oktober 2003 ferskynde har debút Doorzakken bij Jamin, in bondel fan 23 ferhalen oer har jeugd, har dwepe mei Audrey Hepburn, it feminisme, manlju, bern, har deaberne dochterke en oer oergewicht. It boek hie yllustraasjes fan Peter van Straaten. De winkelkeatling Jamin wie net bliid mei de titel en easke dat dy feroare wurde soe.
Febrewaris 2006 gerskynde Groenteman har twadde boek, Dikke dame, oer in man dy't as grouwe frou op de merke fertoand waard.

Oktober 2009 kaam har boek Bestemming bereikt? út. It giet oer hoe't sy har fielde as grouw frommes, simmer 2006 in mageferlytsingsoperaasje ûndergie en benammen hoe't sy har dêrnei fielde.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Groenteman hat ien soan, Gijs Groenteman, dy't ek sjoernalist is.
  • Simmer 2006 ûndergie Hanneke Groenteman in mageferlytsing. It makke har 45 kilo lichter.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vragen van het lid Verbrugh (G.P.V.) over de uitzendingen van Radio Stad-Amsterdam en de VARA op 30 april. Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, sitting 1979-1980; ynstjoerd 6 maaie 1980