Hakelwerk
It Hakelwerk wie in skâns fan de fêsting Dielerskâns westsúdwestlik fan it doarp Diele yn de gemeente Weener yn it Eastfryske Reiderlân. It Hakelwerk wie in skâns mei in dûbele grêft, wâlen en hoektwingers en wie mei de Jemgumer Twinger ien fan de twa grutte skânzen fan de Dielerskâns. Fjirder wiene der noch lytsere skânzen, redûten, en dy waarden troch wâlen en grêften mei de twa grutte skânzen ferbûn oer in lingte fan goed twa kilometer fan de delte fan de Iems oer de geastrêch, dêr't de skâns op boud waard, nei it feangrûn oan oare kant. Ek rûn der in wardyk fan it Hakelwerk oer de Jemgumer Twinger en Diele nei de Iems ta. Hjoed-de-dei is it plak fan it Hakelwerk meast lânbougrûn en is de grûn folslein sljochte. Alde plannen fan de bebouwing oan de binnenkant binne der net. Yn it lân binne de struktuer en de âlde grêften noch wol werom te kennen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Hakelwerk waard yn de Tritichjierrige Kriich boud. It wurdt yn histoaryske boarnen as in part fan de Dielerskâns neamd. Yn 1637 waard de Dielerskâns troch Hessyske troepen beset, dy't yn opdracht fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen hannelen en dy't hjitten waarden yn Eastfryslân legere te wurden. Yn 1647 joech de Hessyske oanfierder Weiler de Dielerskâns oer oan it Ryksleger, dy't de skâns lykwols al wer rillegau oan de Hessyske troepen weromjaan moasten. Yn 1650 joegen de Hessen de skâns werom oan Eastfryslân. Nei de Tritichjierrige Kriich ferlear it Hakelwerk syn militêre betsjuttenis.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anton August Aits: Das Hakelwerk bei Diele. Yn: Der Deichwart. Bylage fan de Zeitung Rheiderland, 1971, Nr. 1.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |