Springe nei ynhâld

Hadewych

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer de Fryske anabaptiste. Foar de Midsiuwske dichteresse en skriuwster, sjoch: Hadewych (skriuwster).

Hadewych (16e iuw) wie de frou fan in soldaat út Ljouwert dy't de terjochtstelling fan Sicke Frearks bywenje moast. Hy liet him sa ôfkarrend út oer de roomske tsjerke, dat hy flechtsje moast.

Hadewych sleat har letter oan by de mennisten. Yn har hûs libbe ek Elisabet Durks. By de finzennimming fan Elisabet yn 1549 koe Hadewych ûntkomme nei Emden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: