Hâns Omkoal
Hâns Omkoal | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Klods-Hans | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1855, Kopenhagen | |
oarspr. útjwr. | C.A. Reitzels Forlag | |
bondel | H.C. Andersen's Historier | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Hâns Omkoal | |
publikaasje | 1943, Assen | |
útjouwer | Van Gorcum & Co. | |
oersetter | Douwe Tamminga |
Hâns Omkoal, yn it oarspronklike Deensk: Klods-Hans, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst publisearre yn april 1855, as ûnderdiel fan H.C. Andersen's Historier ("H.C. Andersens Stoarjes"), wat in samling fan eardere ferspraat útjûne en inkele nije mearkes wie, mei dêrûnder ek Fiif út Ien Eartepûl. Hâns Omkoal is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it mearke wurdt it ferhaal ferteld fan trije bruorren. De âldste beide binne sa aldertigenste leard dat it wol mei de helte takinnen hie. De jongste, Hâns, dy't troch in elk fan "Hâns Omkoal" neamd wurdt, is lykwols dom berne en hat nea wat byleard. Dan lit de dochter fan 'e kening it omsizze dat se dyjinge ta man nimme sil, dy't it nei har sin it bêste pratende hâlde kin. Dat de beide learde bruorren krije fan harren heit elk in hynder en sette nei stêd ta om om 'e prinsesse te stykjen. Hâns Omkoal sjocht se fuortgean en freget wat der te rêden is. As er heart fan 'e prinsesse en dat dy om in man siket, freget hy syn heit ek om in hynder, dat hy èk nei stêd ta kin en stykje om 'e prinsesse. Mar syn heit stegeret him ôf. Dêrop reizget Hâns Omkoal op 'e geitebok nei stêd ta.
As hja ienris by de prinsesse talitten wurde, en sjogge dat der in hiel espel siktarissen by stiet dy't elts wurd opskriuwe dat har ta de mûle út komt, wurde de beide learde bruorren, krekt as alle oare gadingmakkers, sa senuweftich dat se gjin wurd mear útbringe kinne. Inkeld Hâns Omkoal, dy't him nearne wat oan gelegen lizze lit, hâldt en draacht him by de prinsesse lykas oars. Dat ta eintsje beslút trout Hâns Omkoal mei de prinsesse en wurdt kening fan it lân, wylst syn beide learde bruorren harren beskamme ôfjouwe.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |