Fiif út Ien Eartepûl

Ut Wikipedy
Fiif út Ien Eartepûl
algemiene gegevens
oarspr. titel Fem fra En Ærtebælg
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1852, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel H.C. Andersen's Historier
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Fiif út Ien Eartepûl
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

Fiif út Ien Eartepûl, yn it oarspronklike Deensk: Fem fra En Ærtebælg, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst publisearre yn desimber 1852, yn 'e Folkekalender for Danmark, 1853 ("Folkskalinder foar Denemark, 1853"). Yn april 1855 waard it werútjûn as ûnderdiel fan H.C. Andersen's Historier ("H.C. Andersens Stoarjes"), wat in samling fan eardere ferspraat útjûne en inkele nije mearkes wie, mei dêrûnder ek Hâns Omkoal. Fiif út Ien Eartepûl is ien fan Andersen syn minder bekende mearkes, mar waard yn 1943 dochs troch Douwe Tamminga oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it mearke fertelt Andersen it ferhaal fan fiif earten yn ien pûl, dy't mei-inoar opgroeie. As se ryp binne, wurdt de pûl ôfskuord troch in kweajonge dy't de earten brûke wol as munysje foar syn klapbus (propkesjitter). De earste eart komt yn in daksgoate telâne, dêr't in do him opfret. Twa oaren binne geld, en wurde úteinlik ek troch de fûgels oppikt. De fjirde falt yn 'e strjitgoate, dêr't er yn it wetter leit en alhiel úttynt, mar fierders neat bedijt. De fyfde, lykwols, fljocht yn in skuor yn in âld planke ûnderoan in dakkajút, dêr't moas yn sit en weake modder. Dêr ûntsprut er. Op it behindige souderkeammerke oan 'e binnenkant fan 'e kajút wennet in warber frommeske, in widdo, dy't al ien bern ferlern hat. Har iennichste oare bern is in syklik fanke, dat har de hiele dei yn iensumens op bêd hâlde moat wylst har mem út te kachelpoetsen is, en suver de wil om te libjen al kwytrekke is. Mar as de earteplant foar it kajútsrút begjint te groeien, hat hja dêr safolle niget oan dat se wer nije moed kriget en stadichwei opbetteret.

Oerienkomsten mei de Gelikenis fan de Siedder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It mearke liket Andersen, dy't djip kristlik wie, grutdiels ûntlient te hawwen oan 'e Gelikenis fan de Siedder, in ferhaal út it Nije Testamint (Mattéus 13:3-8). Dêryn fertelt Jezus Kristus oan syn dissipels en de mannichte dy't útrûn is om nei him te harkjen oer in siedder dy't útgiet om te siedzjen. Mar in diel fan it sied dat er smyt, falt op it paad, dêr't de fûgels it oppikke. In oar part komt telâne op rotsgrûn, dêr't it net woartelsjitte kin. Wer in oar part bedarret mank stikels dy't it oerwoekerje en smoare. It lêste part, lykwols, falt op goede grûn, ûntsprut en bringt oan frucht oant wol hûndert kear safolle op as dat it sels wurdich wie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.