Springe nei ynhâld

Grutte Merk (Brussel)

Ut Wikipedy
Grutte Merk
Grand Place (Frânsk)
Grote Markt (Nederlânsk)
bouwurk
Grutte Merk mei it Stedhûs fan Brussel (lofts)
Grutte Merk mei it Stedhûs fan Brussel (lofts)
lokaasje
lân Belgje
gewest Brusselsk Haadstedsk Gewest
gemeente Brussel
plakBrussel-Sintrum
koördinaten50° 50' 48" NB, 4° 21' 19" EL
bysûnderheden
type bouwurkplein
boujier11e iuw-17e iuw
boustylstrjitstiennen
monumintale statusUNESCO-Wrâlderfgoed
monumintnûmer857
oare ynformaasje
lingte111 m
breedte56 m
kaart
Grutte Merk (Brusselsk Haadstedsk Gewest)
Grutte Merk

De Grutte Merk fan Brussel (Frânsk: Grand Place, Nederlânsk: Grote Markt) is it sintrale plein yn de Belgyske haadstêd Brussel.

Twatalige strjitnammeboerd fan de Grutte Merk yn âlde stavering

It plein is sûnt 1998 in UNESCO-Wrâlderfgoed en wurdt omkringe troch ympossante gebouwen lykas de barokken gildehûzen fan de eardere Brusselske gilden en twa grutte gebouwen foarinoar oer: it grutte goatyske Stedhûs fan Brussel mei barokken foarkant út de fjirtjinde iuw; it neogoatyske Keningshûs of Breahûs (Maison du Roi/Broodhuis), dêr't hjoed-de-dei it Stedsmuseum fan Brussel yn fêstige is. It plein is 111 by 56 meter [1] en is folslein befluorre mei strjitstiennen.

De Grutte Merk is de wichtichste toeristebestimming en histoarysk monumint fan Brussel en it is ek ien fan de moaiste pleinen fan de wrâld. Der wurde ferskate kulturele eveneminten en festiviteiten holden op it plein en yn augustus elts jier wurdt der in ûnbidich grut blommekleed yn it midden fan it plein oanmakke. It is ek it sintrum fan de jierlikse kryst- en âld-en-nij-festiviteiten.

It plein wurdt betsjinne troch metrostasjon Bourse/Beurs op linen 3 en 4.

Mei de bou fan de Grutte Merk waard yn de alfde iuw úteinset en wie folslein foltôge yn de santjinde iuw. It plein krige syn hjoeddeistige namme yn it tiidrek 1777-1789. Ynearsten hiet it plein Nedermerckt troch de legere lizzing en ûntstie op de rjochterouwer fan de rivier de Senne, eastlik fan it Senne-eilân dêr't it hjoeddeistich Place Saint-Géry/Sint-Goriksplein op leit, en eastlik fan de Werf, it kommersjele oanlisplak. It wie in sompich gebiet, dêr't Brussel syn namme wei hat (Bruocsella fan bruoc - broek/sompe en sella - wenplak), dy't doe drûchlein waard. De oarspronklike befluorring wie 1,20 meter leger as de hjoeddeistige. Der rûnen fan oarsprong sân strjitsjes op it plein ôf.

De bou barde stik foar stik en wie net gelyk. Yn de fyftjinde iuw kaam it Boergondysk Hof nei Brussel. Om Brussel in goed oansjen te jaan, liet de magistraat fan Brussel oan it plein in grut stedhûs bouwe. Tagelyk krigen de gilden en naasjes, dy't harren yn de fjirtjinde iuw organisearren, de kâns en bemachtigje harren eigen gildehûs.

Yn de Njoggenjierrige Kriich rekke it plein foar it grutste part skeind troch it Bombardemint op Brussel yn 1695 troch Frânske troepen. Allinnich de foarkant fan it Stedhûs, dy't as doelwyt foar de artillery tsjinne, en guon stiennen muorren koe it kanonnefjoer wjerstean. De hûzen om it plein hinne, dy't almeast fan hout boud wiene, waarden alhiel ferfongen troch stiennen hûzen yn barokstyl, dy't de rykdom fan de gilden werjaan moasten. It weropbouwen barde yn in Flaamsk-Italjaanske styl. De homogeniteit fan de gebouwen waard befoardere troch in stedsoardering dy't útmakke dat de bou-ûntwerpen foartiids troch it stedsbestjoer goedkard wurde moasten.

Yn de rin fan de achttjinde iuw ferrinnewearre it plein lykwols troch it ferearmjen fan de gilden. Nei de Frânske Revolúsje waarden se ôfskaft en waarden de gildehûzen as nasjonaal guod iepenbier ferkocht. Byldhouwurk waard fuorthelle of plondere troch sanskulotten. De nije eigeners lieten de saken fierder fertutearzje en lieten se nei de moade fan de tiid oanpasse en beplasterje.

Nei de twadde helte fan de njoggentjinde iuw ûntstie der gefoel fan de erfgoedwearde fan de gebouwen. It stedsbestjoer liet it Stedhûs restaurearje en it Keningshûs/Breahûs fannijs opbouwe. Foar gebouwen yn privee-eigendom waarden joegen se ynearsten subsydzjes foar it werompleatsen of ferfangen fan it ferdwûne byldhouwurk oan de gevels. Stadichoan waarden alle gebouwen restaurearre.

Yn 1990 waard it plein frijmakke fan it autoferkear.

Gebouwen om it plein hinne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Keningshûs/Breahûs, dêr't it Stedsmuseum fan Brussel yn fêstige is
Stedhûs fan Brussel (Hôtel de Ville/Stadhuis)

It stedhûs is it sintrale gebou fan it plein dy't yn fazen tusken 1401 en 1455 boud waard oan de súdwestkant fan it plein. It gebou is it iennich oerbleaune gebou fan de midsiuwen fan it plein. It gebou waard it sit fan it stedsbestjoer en oant 1795 ek foan de Steaten fan Brabân. Yn 1830 wie it gebou de lokaasje fan it Foaariedich Bewâld nei de ûnôfhinklikens fan Belgje. It stedhûs, dy't boppe op syn toer bekroand wurdt mei in gouden stânbyld fan de aartsingel Michael, waard boud fan 1402 ôf. Mei de toer waard yn 1444 úteinset. Hy waard 96 meter heech, dochs stiet net alhiel yn it midden fan it gebou. It gebou is fersierd mei byldhouwurk.

Keningshûs/Breahûs (Maison du Roi/Broodhuis)

Yn de iere 13e iuw stie der op it plein in houten gebou dêr't bakkers harren brea ferkochten. Dy houten barak waard yn 1495 ferfongen troch in stiennen gebou, dêr't it bestjoer fan de hartoch fan Brabân yn fêstige waard. Dêrom waard it gebou doe it Hartochshûs {Midnederlânsk: 's Hertogenhuys) neamd waard, en doe't dyselde hartoch kenng fan Spanje waard, waard it it Keningshûs (Midnederlânsk: 's Conincxhuys). Under it bewâld fan keizer Karel V waard it gebou folslein ôfbrutsen en waard troch syn hofarsjitekt Antoon II Keldermans in nij gebou ûntwurpen yn flamboyante gotyk, te ferlykjen mei it hjoeddeistich gebou sûnder de tuorren en galeryen.

It Keningshûs waard weropboud nei't er skansearre rekke wie nei it Bombardemint op Brussel yn 1695. In twadde restauraasje folge yn 1767 doe't er in neoklassike portaal en in grut tek dêr't trije kowe-eachruten op befêstige waarden. Tusken 1874 en 1866 waard it gebou fannijs rekonstruearre yn syn hjoeddeistige neogoatyske foarm troch arsjitekt Victor Jamaer yn de styl fan syn master Eugène Viollet-le-Duc. Jamaer liet twa galeryen en in sintrale toer bouwe en fersierde de foargevels mei byldhouwurk en oare sierwurk. Oan de efterkant heakke er in fleugel yn mear sobere Flaamske Neorenêssânse-styl . It nije keningshûs waard yn 1896 offisjeel iepene. It ynterieur waard yn 1985 renovearre.

Yn it gebou is hjoed-de-dei it Stedsmuseum fan Brussel fêstige mei in weardefolle samling fan skilderings, retabels, wântapiten, byldhouwurk, sulverwurk en diggelguod dy't in mearsidich byld jouwe fan de skiednis fan Brussel.

Gildehûzen om it plein hinne
Plattegrûn fan de Grutte Merk mei de nûmering fan de hûzen
NûmerFrânske nammeNederlânske nammeFryske oersettingOrnearre foar
1Le Roi d'EspagneDen Coninck van SpaigniënDe Kening fan Spanjegilde fan de bakkers
2-3La BrouetteDen CruywagenDe Kroadegilde fan de fetkeapers
4Le SacDen SackDe Pûdegilde fan de kûpers
en skrynmakkers
5La LouveDen WolfDe Wolfgilde fan de bôchsjitters
6Le CornetteDen HorenDe Hoarnegilde fan de skippers
7Le RenardDen VosDe Foksgilde fan de kreamers
8L'ÉtoilleDe SterreDe Stjerhûs fan de amman
9La CygneDe ZwaneDe Swangilde fan de slachters
10L'Arbre d'OrDen Gulden BoomDe Gouden Beamgilde fan de brouwers
11La RoseDe RoosDe Roaspriveehûs
12La Mont ThaborDen Berg ThaborDe Berch Taborpriveehûs
12AMaison d'Alsemberg/
Le Roi de Bavière
Huis van Alsemberg/
Koning van Beieren
Hûs fan Alsemberg/
Kening fan Beieren
priveehûs
13-19Maison des Ducs
de Brabant
Huis van de
Hertogen van Brabant
Hús fan de
Hartoggen fan Brabân
ferskate
13La RenomméeDe FaemDe Faampriveehûs
14L'ErmitageDe CluyseDe Klûsgilde fan flierkleedmakkers
15La FortuneDe FortuinIt Lokgilde fan learloaiers
16Le Moulin à VentDe WindmolenDe Wynmûnegilde fan mûnders
17Le Pot d'ÉtainDe TinnepotDe Tinnepotgilde fan weinemakkers
18La CollineDe HeuvelDe Heuvelgilde fan byldhouwers
19La BourseDe BeursDe Beurspriveehûs
20Le CerfDen Hert/
Het Heert
It Hartpriveehûs
21-22Joseph et AnneJoseph en AnnaJoazef en Annepriveehûzen
23L'AngeDen EngelDe Ingelpriveehûs
24-25La Chaloupe d'OrDen Gulden BootDe Gouden Boatgilde fan kleanmakkers
26-27Le PigeonDe DuifDe Dogilde fan skilders
28Le Marchand d'Or/
Aux Armes de Brabant
De Gulden Koopman/
De Wapens van Brabant
De Gouden Keapman/
De Wapens fan Brabân
gilde fan smarders
34Le HeaumeDe HelmDe Helmpriveehûs
35Le PaonDen PauwDe Paupriveehûs
36-37Le Petit Renard/
Le Samaritain en
Le Chêne
't Voske/
De Samaritaen en
Den Eycke
De Lytse Foks/De Samaritaan en
De Iik
priveehûzen
38Sainte-BarbeSint-BarbaraSint Barbarapriveehûs
39L'ÂneDen EzelDe Ezelpriveehûs

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Mario Damen: , The town as a stage? Urban space and tournaments in late medieval Brussels yn: Urban History, 2016, nr. 1, 53-54. DOI:10.1017/S0963926814000790

Foar oare boarnen en literatuer, sjoch:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grand Place (Brussels) fan Wikimedia Commons.