Grumman A-6 Intruder
Grumman A-6 Intruder | |
---|---|
Rol | Oanfalsfleantúch/jachtbommesiter |
Makker | Grumman |
Earste flecht | 19 april 1960 |
Yn tsjinst | 1963 |
Ut tsjinst | 28 april 1993 (USMC) 28 febrewaris 1997 (USN) |
Tal makke | 693 (1963-1990) |
Brûkers | |
Farianten | Northrop Grumman EA-6B Prowler, KA-6D Intruder (tankfariant) |
De Grumman A-6 Intruder wie in Amerikaansk militêr oanfalsfleantúch mei twa motors, dat ein jierren fyftich ûntwurpen waard foar de Marine fan de Feriene Steaten. It tastel waard in soad brûkt en wie in tsjinst by de Amerikaanske marine, de USN en by de Amerikaanske mariniers, it USMC.
De A-6 wie tige sterk boud en koe ek by min waar operearje (‘all weather’-kapasiteit), dêrom wie it tastel hast universeel yn te setten. De A-6 waard sawol by grutte kombinearre loftoanfallen brûkt as ek faak by nacht yn seksjes fan twa tastellen of allinnich.
It tastel hie gjin kanonnen, mar wie útrist mei protte hardpoints ûnder de fleugels wêr't goed 9000 kg oan wapens oan ophongen wurde koene.
De Grumman A-6 waard yn 1997 om reden fan ferâldering stadichoan ferfongen, mar it A-6-airframe wurdt noch altyd brûkt foar de operasjonele ECM-fariant fan de USN, de Grumman EA-6B Prowler.
Hûnderten útklaaide airframes waarden yn 2000 yn Floarida yn 'e see smiten en foarmje no in keunstmjittich rif foar de kust by Miami.
Skiednis ynset
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn de perioade 1965-1973 wiene Intruders aktyf boppe Laos, Kambodja en Fjetnam. Benei 100 tastellen giene yn dy tiid by in aksje ferlern.
- Yn 1975 waarden se in skoftke ynset yn Kambodja
- Yn 1982 diene se mei oan de ynvaazje fan it eilân Grenada
- Yn 1983 waarden Intruders ynset boppe Libanon; twa giene dêrby ferlern
- Yn 1986 folge ynset by aksjes tsjin Libië yn de Golf fan Sidra
- Yn 1988 fleagen se yn de kontreien fan de Perzyske Golf
- Yn 1991 diene se mei oan de befrijing fan Koeweit
- Yn 1993 waarden se ynset by de oarloch mei Irak
Technyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gegevens A-6A | Gegevens A-6E | |
---|---|---|
Langte: | 16,69 m | 16,69 m |
Spanwiidte: |
|
|
Hiche: | 4,93 m | 4,93 m |
Fleugeloerflak: | 49,15 m² | 49,15 m² |
Gewicht leech: | 11.476 kg | 12.093 kg |
Startgewicht maks. : | 24.358 kg | 27.397 kg |
Branjekapasiteit: | ? |
|
Heechste faasje: | 1.039 km/o (op seenivo) | 1.036 km/o (op seenivo) |
Krúsfaasje: | 744 km/o (op seenivo) | 763 km/o (op seenivo) |
Klimfaasje: | ? | 38,75 m/s |
Tsjinstplafond: | 12.268 m | 12.925 m |
Fleanberik: | 5.190 km | 4.408 km |
Min. langte startbaan: | ? | 1.469 m (sûnder katapult) |
Langte lâningsbaan: | ? | 823 m (sûnder rimparasjute) |
Oandriuwing: | 2 strielmotors Pratt & Whitney J52-P-8A | 2 strielmotors Pratt & Whitney J52-P-8B |
Driuwkrêft: | 2 × 37,81 kN (sûnder neiferbaarnder) | 2 × 41,20 kN (sûnder neiferbaarnder) |
Bemanning: | 2 | 2 |
Bewapening:
|