Springe nei ynhâld

Greefskip Drinte

Ut Wikipedy
Greefskip Drinte
01024 - 1046
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd gjint
offisjele taal Aldsaksysk
steatsfoarm greefskip
ûntstien út Nederloataringen
opgien yn Prinsbisdom Utert
no diel fan Drinte

It greefskip Drinte wie in gebiet yn de Nederlannen, dat de hjoeddestige provinsje Drinte (útsein Coevorden), de Stellingwerven en it Goarjocht mei de stêd Grins besloech.

Nei alle gedachten is in greefskip in fuortsetting fan it Germaanske Treanth (goa), dêr't al sûnt 820 oer skreaun wurdt. It greefskip sels wurdt foar it earst neamd yn 1024, it jier dat it oan Adelbold II, de biskop fan Utert skonken waard, nei dy syn oerwinning op greve Balderik. Yn 1046 waard dat befestige troch keizer Hindrik III. Sadwaande waard it greefskip part fan it Sticht Utert. Tegearre mei wat letter Oerisel wurde soe, wie Drinte doe it noardlik diel fan it Sticht, it saneamde Oersticht. It Gorecht, dat dúdlik Drintsk oandocht, kaam op 'en doer hielendal ûnder ynfloed fan Grins en waard doe net mear ta Drinte rekkene. De Stellingwerven skiede har yn de 13e iuw fan Drinte ôf en wurde part fan de hearlikheid Fryslân. De krekte reden dêrfan is net bekend.

It Oersticht waard 1528 opdield; de hearlikheid Oerisel waard oan de Habsburchske Nederlannen tafoege. Einlings en te'n lêsten waard Drinte 1536 oermastere troch de Habsburgers nei de Slach by Hilligerlee. Tenei waard it lânskip Drinte neamd.