Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver
Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver | ||
plak en tiid | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Britsk-Kolumbia | |
plak | Vancouver | |
holden yn | it VIFF Centre | |
tiid fan it jier | septimber / oktober | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Vancouver International Film Festival | |
ôfkoarting | VIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1958 – 1969 & 1982 – no | |
org. troch | Greater Vancouver Inter- national Film Festival Society | |
offisjele webside | ||
www.viff.org |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver (Ingelsk: Vancouver International Film Festival), gauris ôfkoarte ta VIFF, is in filmfestival dat elts jier oan 'e ein fan septimber en it begjin fan oktober oer in perioade fan twa wiken holden wurdt yn 'e Kanadeeske stêd Vancouver. It evenemint fûn foar it earst plak yn 1958. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Greater Vancouver International Film Festival Society. Sûnt 2005 fynt it festival plak yn it spesjaal derfoar boude VIFF Centre. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver heart ta de top 5 fan 'e grutste filmfestivals fan Noard-Amearika.
Neiere beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver hat yn haadsaak trije programplatfoarmen: Eastaziatyske films, Kanadeeske films en dokumintêres. Njonken de eigentlike filmfertoanings omfettet it festival ek lêzings, publyk tagonklike paneldiskusjes, workshops, optredens en oare spesjale evenminten. It wichtichste diel fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver wurdt holden yn it VIFF Centre, oan Seymour Street, dat yn 2005 spesjaal foar dat doel boud waard. Der binne lykwols ek filmfertoanings yn it ramt fan it festival yn beskate oare bioskopen yn Vancouver. It filmfestival wurdt organisearre trocht de Greater Vancouver International Film Festival Society, dy't ek it jier rûn filmfertoanings hâldt yn it Vancity Theatre en it Lochmaddy Studio Theatre, twa filmsealen dy't diel útmeitsje fan it VIFF Centre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver waard foar it earst yn 1958 holden. Nei't it geandewei de twadde helte fan 'e 1960-er jierren te lijen krigen hie ûnder finansjele en bestjoerlike swierrichheden, waard it lykwols nei ôfrin fan 'e edysje fan 1969 opdoekt. Yn 1982 waard troch Leonard Schein de Greater Vancouver Film Festival Society oprjochte, dy't it filmfestival dat jiers nij libben ynblies yn syn hjoeddeistige foarm.
Hjoeddeistige sitewaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver wurde tsjintwurdich yn tsien filmsealen films fertoand út 'e hiele wrâld. Trochinoar komme dy út sa'n 73 lannen en territoaria. It is ien fan 'e fiif grutste filmfestivals yn Noard-Amearika. Yn 2016 wiene der 133.000 besikers, dy't ôfkamen op 'e fertoanings fan 324 ûnderskate films.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver wurde gâns prizen útrikt. Guon dêrfan wurde takend troch in faksjuery en oaren binne publyksprizen.
Sjueryprizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- bêste ynternasjonale film
- spesjale sjuerypriis
- bêste Kanadeeske film
- bêste Kanadeeske dokumintêre
- bêste Kanadeeske koarte film
- opkommende Kanadeeske regisseur
- meast ûnthjittende regisseur fan in Kanadeeske koarte film
- bêste Britsk-Kolumbiaanske film
- bêste Britsk-Kolumbiaanske koarte film
- opkommende Britsk-Kolumbiaanske filmmakker
- Dragons and Tigers Award for Young Cinema
- VIFF Impact Award
- Sea to Sky Award
- VIFF Environmental Film Award
- Rob Stewart Eco Warrior Award
- Ignite Award
Publyksprizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- populêrste ynternasjonale film
- populêrste ynternasjonale dokumintêre
- populêrste Kanadeeske film
- populêrste Kanadeeske dokumintêre
- dokumintêrepublykspriis
- Rogers People's Choice Award
- Super Channel People's Choice Award
Prizen útrikt troch oare organisaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Citytv Western Canada Feature Film Award
- International Film Guide Inspiration Award
- Kyoto Planet "Climate for Change" Award
- National Film Board Award for Best Documentary
- Women in Film and Television Vancouver Artistic Merit Award
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|