Graaff-Reinet (stêd)
Graaff-Reinet | ||
Bestjoer | ||
Lân | Súd-Afrika | |
Provinsje | Eastkaap | |
Distrikt | Sarah Baartman | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 35.672 (2011) | |
Oerflak | 203,6 km² | |
Befolkingsticht. | 180 / km² | |
Hichte | 750 m | |
Oar | ||
Stifting | 19 july 1786 | |
Tiidsône | UTC+2 (SAST) |
Graaff-Reinet is in stêd yn de provinsje Ooskaap yn Súd-Afrika. It is de op trjie nei âldste stêd yn Súd-Afrika, nei Kaapstêd, Stellenbosch en Swellendam.[1]
Graaff-Reinet leit oan de foet fan de Sniebergen en oan de Sondagsrivier en wurdt foar it grutste part omjûn troch it natuerpark Kamdeboo. It plak is in sintrum fan belang foar de hannel yn agraryske produkten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 18e iuw berikten de earste kommando's op hynders fan de Nederlânske kolonisten de kontreien dêr't Graaff-Reinet no leit. Sy wiene earder út de Kaapkoloanje nei it easten lutsen. De earste buorkerijen waarden yn de jierren 70 fan de 18e iuw stichte. Yn de earste jierren hearske der anargy en wetteleazens yn it gebiet. Pas neidat in nije lândrost nei de regio stjoerd waard om de wet te handhavenjen, koe de delsetting him freedsum ûntjaan.
Op 13 desimber 1785 kaam de earste lândrost, Mauritz Woeke, nei it nije doarp. Hy besleat de desetting te ferneamen nei de destiidske gûverneur fan de Kaapkoloanje, Cornelis Jakob van de Graeff, en de famyljenamme fan syn frou Reinet. De grinzen fan it nije distrikt, it fjirde nei Kaapstêd, Stellenbosch en Swellendam, waarden yn 1786 middels in plakkaat bekendmakke.
Yn 1795 roepen de ynwenners, nei jierren fan ûnderdrukking troch de V.O.C., de republyk Graaff-Reinet út. De ynwenners fan Swellendam diene itselde. Ear't de lieders fan de Kaapkoloanje de nije republykjes wer ferôverje koene, waard de Kaapkoloanje sels oermastere troch Grut-Brittanje.
Nei't Nederlân de Kaapkoloanje noch in kear weromwûn fan de Britten, waard dy yn 1806 foarfêst troch de Britten ynnaam. In protte bewenners fan de koloanje noaske dat lykwols net. Fral in soad minsken út it distrikt Graaff-Reinet diene dêrnei mei oan de Grutte Trek.
Hjoed de dei is de stêd noch in plak dêr't it Afrikaansk en de Kaapske kultuer dominant binne.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By folkstelling fan 2011 besloech de befolking fan Graaff-Reinet (it township uMasizakhe meirekkene) 35.672 minsken ferparte oer 8.393 húshâldings. Fan de befolking beskriuwt 62.2% harsels as "kleure", 28.2% as "Swarte Afrikaan" en 8.7% as "wyt". De oerhearskjende taal wie Afrikaansk, de memmetaal fan 76.0% fan de befolking. 18.9% prate Kosa (Xhosa) en 3.6% Súd-Afrikaansk-Ingelsk.
Stedsbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
It stedhûs.
-
Drostdy Hotel.
-
Tsjerke
-
Polysje-akademy
Berne yn Graaff-Reinet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Andries Hendrik Potgieter (1792-1852), oanfierder fan de Voortrekkers
- Gerrit Maritz (1798-1838), oanfierder fan de Voortrekkers
- Andries Pretorius (1798-1853), oanfierder fan de Voortrekkers
- Louw Wepener (1812-1865), kommandant
- Marthinus Wessel Pretorius (1819-1902), presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat
- Thomas François Burgers (1834-1881), presidint fan de Súd-Afrikaanske Republyk
- Nicolaas Smit (1837-1896), generaal
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Graaff-Reinet fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|