Groot Kerk (Graaff-Reinet)
| Grutte Tsjerke Groot Kerk | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Graaff-Reinet | |
| adres | 35 Caledon St. | |
| koördinaten | 32°149'N 24°32'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Nederdútsk Griff. Tsjerke | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | J. Bisset | |
| boujier | 1882-1887 | |
| boustyl | neogotyk | |
| Kaart | ||
De Groot Kerk (Afrikaansk) of Grutte Tsjerke is in monumintale 19e-iuwske tsjerke fan 'e Nederdútsk-Grifformearde mienskip yn 'e Súdafrikaanske stêd Graaff-Reinet. It neogoatyske bouwurk is in ûntwerp James Bisset en waard boud nei't de foargonger te lyts waard foar de gemeente. De tsjerklike gemeente bestiet al sûnt 1792.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stifting fan de gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 18e iuw berikten de boeren dy't fanút de Kaap nei it easten lutsen it gebiet fan 'e Kamdebooflakte en de Sneeuberge (Sniebergen). De earste pleatsen oan 'de foet fan 'e Sneeuberge waarden nei 1770 boud. It wie in tiid fan ûnrêst, wetteloasheid en botsings mei de Ksosa's. Mei de oanstelling fan Mauritz Woeke as lândrost yn 1785, dy't de oarde moast hanthavenje, begûn in fredige ûntjouwing fan it doarp. It distrikt en it plak dêr't er him nei wenjen sette ferneamde Woeke nei de gûverneur fan 'e Kaap, Cornelis Jacob van de Graaff, en syn frou Cornelia, berne Reinet. De grinzen fan it nije bestjoersdistrikt, it fjirde fan it lân nei Kaapstêd, Stellenbosch en Swellendam, waard op 19 july 1786 troch it regear proklamearre.
Foargongers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earst bekende tsjerke fan 'e gemeente datearre út 1792 en stie oan 'e Church Street. Dy tsjerke baarnde noch ear't it gebou foltôge wie yn 1799 ôf. De twadde tsjerke waard op it hjoeddeiske plak fan 'e Grutte Tsjerke op septimber 1800 yn gebrûk nommen.
Nei de twadde Britske besetting fan 'e Kaap besocht de oerheid om it lân en de ynwenners te feringelskjen. De fiertaal yn it ûnderwiis, fan 'e oerheid en de tsjerke moast tenei Ingelsk wêze. Foar dat doel waarden predikanten út Skotlân helle, mar it mislearre. Guon tsjerken holden wol Inkelsktalige tsjinsten, mar de measte Skotske dûmny's learden Nederlânsk en trouden mei Afrikaner famkes. Foar harren positive ynstelling waard mannich doarp nei in Skotske predikant ferneamd, lykas Robertson, McGregor, Sutherland, Fraserburg en Murraysburg. Mei de komst fan 'e Skotske dûmny Andrew Murray waard yn 1822 útein set mei de bou fan 'e tredde tsjerke. De tredde tsjerke mei in reiten tek en in klokketoer wie yn 1823 foltôge en bleau foar sechtich jier de tsjerke fan 'e mienskip.
De hjoeddeiske tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hjoeddeiske tsjerke is de fjirde tsjerke fan 'e gemeente en waard yn neogotyske styl boud. It ûntwerp mei sterke ynfloeden fan 'e katedraal fan Salisbury wie ôfkomstich fan 'e Kaapske arsjitekt James Bisset. Om 1880 hinne hearske yn 'e krite in tiid fan wolstân en de gemeente naam in beslút om in nije tsjerke te bouwen. Nettsjinsteande dat waarden de boukosten sa leech mooglik holden. De stien foar de nijbou waard yn in groeve by Adendorp úthoud. De eigner fan 'e grûn, A. Neser, stelde it materjaal om 'e nocht beskikber oan 'e tsjerke. Oant 1941 moasten de leden fan 'e tsjerke foar in sitplak alle jierren in bydrage jaan. Der passe likernôch 1.500 minsken yn 'e tsjerke.
Ferneamde dûmny's dy't wurken yn de tsjerke wienebygelyks Jozua Francois Naudé en Daniël François Malan. Naudé wie de heit fan dûmny Christiaan Frederik Beyers Naudé en in grut strider foar de Afrikaanske taal en kultuer. It wie syn fertsjinst dat it Afrikaansk in plak krige op 'e yn 1922 stifte fjirde Hegere Folksskoalle fan 'e Kaapprovinsje. Malan wie fan 1913 oant 1915 as dûmny ferbûn oan 'e Grutte Tsjerke en waard dêrnei earst redakteur fan it deiblêd Die Burger en letter lieder fan 'e Nasjonale Partij en lang om let yn 1948 premier fan it lân.
Yn 1927 late it brûken fan it Afrikaansk yn stee fan it Ingelsk of Nederlânsk op 'e kânsel ta in skuorring yn 'e gemeente. In grut tal tsjinstanners stiften in ôfsûnderlike gemeente en lieten in nije tsjerke bouwe om dêr it Ingelsk as kânseltaal te brûken. Fan dat lêste kaam lykwols neat telâne. Wat it tal leden oanbelanget bleau de Grutte Tsjerke troch de tiid hinne in gruttere gemeente.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Preekstoel
- Oersicht ynterieur
- Oargel
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Afrikaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: AF:NG gemeente Graaff-Reinet
|
