Springe nei ynhâld

Grûnpartij

Ut Wikipedy

De Grûnpartij (offisjeel Grondpartij), ek wol Groep Stoffel wie in Nederlânske politike partij dy 't yn 1908 oprjochte waard. Doelstelling fan de partij wie nasjonalisaasje fan partikulier grûnbesit om in mear rjochtfeardige ferdieling fan kapitaal te berikken. [1] Ta de partij hearden ferskate foaroansteande herfoarmers. Listlûkers wiene Jan Stoffel (1918), Anne Rauwerda (1922) en Arjen Sevenster (1925) út Wier.

Grûnnasjonalisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doel fan de nasjonalisaasje fan de grûn soe liede moatte ta gruttere wolfeart en mear gelikensens fan de mienskip. It middel om dat te berikken wie it ferheegjen fan de grûnbelesting foar partikuliere grûnbesitters. De hege opbringsten fan 'e grûnbelestingen moasten dêrby brûkt wurde foar skealeasstelling fan 'e grûneigeners. Elke bekwaam gevonden Nederlander soe in pleats of túnkerij yn erfpacht tawiisd krije moatte troch de oerheid. It gesin soe dêrby as "ûnmisbere grûnslach fan alle folkskrêft " stipe wurde.

Oprjochters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarrinner fan de Grondpartij wie de yn 1889 troch Jan Stoffel, Derk Roelof Mansholt, Daniël de Clercq en de Amsterdamske arsjitekt Theodorus Sanders oprjochte Bond voor Landnationalisatie. [2]

De earste listlûker fan de Grûnpartij waard de Dimterske yndustrieel Jan Stoffel, dy 't oertsjûge rekke wie fan de ideeën fan de Amerikaanske ekonoom Henry George en de Dútser Michael Flürschheim. Jan Stoffel hie redakteur west fan it NBvL-blêd Grond aan Allen (1890-1896). [3]

Ek propagandist foar koöperaasjes Daniël de Clercq hearde ta de oprjochters. De Clercq skreau stikken yn De Nieuwe Aarde, it blêd fan de Grûnpartij.
Ta de oprjochters hearden fierder de Grinslânske boer Derk Roelof Mansholt en de Amsterdamske arsjitekt Theodorus Sanders.

De skriuwer Frederik van Eeden soe letter fan de Algemeene Staatspartij (ASP) oerstappe nei de Grûnpartij.

Ferkiezingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De partij die yn 1922 en 1925 mei oan de Twadde Keamerferkiezingen ûnder de namme List Stoffel. Lânnasjonalisaasje wie dêrby spearpunt fan it ferkiezingsprogramma. De partij krige beide kearen minder as 1% fan de stimmen, de measte stimmers wennen yn Noard-Fryslân. De Grûnpartij krige te rêden mei in rjochtingestriid tusken de oanhingers fan Oppenheimer (mei û.o. Albert Jan Feberwee en Rauwerda) en George (mei Arjen Sevenster en útjouwer Johannes Kuiken fan Sint-Anne). [4]

Yn 1926 waard de partij ûnder foarsitterskip fan De Clercq omset yn it Bond tot Hervorming van den Grondeigendom (BHG). [5] Yn 1935 soe de namme BHG wizige wurde yn Liberaal-Sosjalistyske Beweging (LSB).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. KNAW
  2. A.C.J. de Vrankrijker: Onze anarchisten en utopisten rond 1900; (earste printinge 1972) Haadstik 3
  3. SDNL
  4. Social History. Argivearre op 31 maart 2023.
  5. Humantarisme. Argivearre op 19 july 2023.