Springe nei ynhâld

Anne Rauwerda

Ut Wikipedy
Anne Rauwerda

Anne Melles Rauwerda (Raerd, 15 maart 1859 - Ljouwert, 6 febrewaris 1940) wie in lânboulearaar.

Hy wurke earst as ûnderwizer op ferskate plakken, wêrûnder Stiens, en waard dêrnei rykslânboulearaar oan de lânbouwinterskoalle yn Ljouwert (1897-1924). Tusken 1910-1911 wie er foarsitter fan it Algemeen Nederlandsch Werklieden-Verbond. Foarman fan de Friesche Volkspartij en lid VDB -1918. Rauwerda wie propagandist fan it Nederlânske Bûn foar Lânnasjonalisaasje en letter listlûker fan de Grûnpartij, dy't út it Bûn foartkaam, yn 1922. Fierders wie er redakteur De Grond aan Allen (1890-1898), Grond en Arbeid (1894-1896) en meiwurker oan De Nieuwe Aarde 1924-1926. Skreaun oant 28 desimber 1940 2285 wyklikse lânboukroaniken yn de Ljouwerter Krante. Hy befoardere de modernisearrng fan de Fryske Lânbou. Fan him ferskynden ek boeken op dit mêd.

  • De toestand van de arbeiders in Friesland (2 dln.; St. Anne 1890-1891);
  • Armenzorg en gemeente-grondbezit (St. Annaparochie (1892);
  • Individualisme of socialisme? (feestrede 40-jierrich bestean ANWV, Schiedam 1910);
  • Hoe tot gemeenschappelijk grondbezit te komen en hoe het te gebruiken? (St. Anne, ± 1920]).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: