Springe nei ynhâld

Gouden Kneppel

Ut Wikipedy
Gouden Kneppel
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
útrikt foar bydrage Fryske taal en kultuer
útrikt troch Jongfryske Mienskip
frekwinsje 1x jiers
datum novimber
ynsteld 2021
1e útrikking 2022
offisjele webside
Jongfryske Mienskip

De Gouden Kneppel is in priis fan de Jongfryske Mienskip. De Gouden Kneppel wurdt útrikt oan persoanen dy't in bysûndere bydrage levere hawwe oan de Fryske taal en kultuer. De priis waard ynsteld yn ‘e hjerst fan 2021, santich jier nei Kneppelfreed op 16 novimber 1951 te Ljouwert.

De priis bestiet út in mei de hân makke Fryske ikehouten kneppel mei figueren út de âldheid fan keunstneresse Grethe-Marie Broersen.

  • 2024 – Willem Schoorstra foar syn talint as Frysk dichter, romanskriuwer, histoarysk -, polityk- en taalaktivist it Frysk fjoer te ûntstekken by in soad minsken. [1]
  • 2022 – Aant Jelle Soepboer foar syn talint as drummer, skriuwer, politikus, adviseur, sprekker, ûnderwiisman en ferbiner.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. ‘Gouden Kneppel’ foar Willem Schoorstra, www.goeie.frl
  2. ‘Gouden Kneppel’ foar Aant-Jelle Soepboer. www.itnijs.nl