Springe nei ynhâld

Grethe-Marie Broersen

Ut Wikipedy

Grethe-Marie Tilanus-Broersen is in fysioterapeute en byldjend keunstner út Aldeholtpea.

As fysioterapeute is hja spesjalisearre yn bekkenfysioterapy, dêr't klachten oer de legere rêch, buik, bekken en bekkenboaiem behannele wurde.

Broersen studearre oan de Keunstakademy yn Den Haach. Nei skilderjen en byldhouwen mei stien lei se har letter ta op keatlingseagjen (houtfykjen). It leafst wurket se mei kromme of draaide stikken hout. Se jout workshops en demonstraasjes, ûnder mear op oldtimerfestivals. Ien fan har earste grutte keunstwurken makke se fan in twa en in heale meter lange beamstamme yn de foarm fan in pau. [1] Yn opdracht fan Pleatslik Belang fan Aldeberkeap seage hja de grutste fuotballer fan Aldeberkeap. [2] It houten byld fan trije-en-in-heale meter heech krige in plak yn it Sterrenbosch neist de fuotbalfjilden fan fuotbalferiening Sport Vereent.[3]

Grethe-Marie Broersen ûtwurp as keunstner de Gouden Kneppel, in priis dy’t útrikt wurdt troch de Jongfryske Mienskip. It houtsnijwurk tilt op fan de symbolyk út de Fryske skiednis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grethe-Marie chainsawcarving 11 & 12 juni, www.zaansgroen, juny 2016
  2. De Parkbossen Kunstroute in Oldeberkoop toont kunst subtiel, www.beleefhetlagenoorden.nl
  3. Oldeberkoop is een grote voetballer rijker, www.stellingwerf.nl 29 july 2021