Gondelfeart op Tsjillen

Ut Wikipedy
Gondelfeart op Tsjillen
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Droegeham
holden yn iepen loft
tiid fan it jier mids septimber
bysûnderheden
soarte evenemint blommekorso
bestean 1969 – no
offisjele webside
www.immaterieelerfgoed.nl/nl/ gondelvaartopwielendrogeham

De Gondelfeart op Tsjillen is in blommekorso dat elts jier yn septimber holden wurdt yn it Fryske doarp Droegeham.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gondelfeart op Tsjillen ûntstie yn 1969, doe't guon Droegehamsters ta gelegenheid fan Keninginnedei in optocht hâlde woene. Mei't der yn Aldeboarn elts jier in gondelfeart holden waard, besleaten se om dêr in foarbyld oan te nimmen. Mar om't Droegeham gjin wetterdoarp is lykas Aldeboarn, makke men der in "gondelfeart op tsjillen" fan, wat de earste jierren eins delkaam op 'gewoan' in optocht fan fersierde weinen. Al rillegau begûn men de weinen lykwols te fersieren mei ynstutsen blommen, benammen dahlia's. Meitiid groeide it evenemint út ta in wier blommekorso.

Yn 2018 waard de Korsokoepel oprjochte, in gearwurkingsferbân fan 'e 21 Nederlânske blommekorso's, dêr't ek de Gondelfeart op Tsjillen ta heart. De fyftichste edysje fan 'e Gondelfeart op Tsjillen waard holden yn 2019. De 51e edysje yn 2020 en de 52e edysje yn 2022 moasten oergean omreden fan 'e beheinings dy't oan eveneminten oplein wiene yn it ramt fan 'e bestriding fan 'e koroanafiruspandemy.

Foar 2022 stiet de 53e edysje fan 'e Gondelfeart op Tsjillen op it program, al is ein 2021 ûndúdlik oft dy wol trochgong fine kinne sil. Yn elts gefal beskôge it bestjoer fan it evenemint de opname fan 'e Nederlânske blommekorso's op 'e List fan Ymmaterieel Erfgoed fan 'e UNESCO yn desimber 2021 as in moaie ynstruier foar de Gondelfeart op Tsjillen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geersing, Germ, Gondelvaart Drogeham op UNESCO-lijst: "Dit geeft een boost", yn: de Ljouwerter Krante, 18 desimber 2021, s. 22.