Gondelfeart
In gondelfeart is in optocht op it wetter, dêr't taskôgers bylâns stean. De dielnimmende fartugen binne trochstrings keunstich fersierd of ferljochte mei lampkes rûnom in tema; soms is de tocht sintraal regele, faak drage ferienings, strjitten of bedriuwen soarch foar ien boat en binne der prizen te fertsjinjen mei de fersiering fan de boat. Ek is der nei ôfrin faak in gesellich feest mei de priisútrikking, myzyk en sjo's.
In soad gondelfearten wurde holden yn it wetterrike westen en noarden fan Nederlân, mar op oare plakken wurde se ek wol holden. Doe't yn De Knipe de feart tichtsmiten waard in de sechtiger jierren waarden de gondelfearten op boereweinen hâlden. Al docht de namme oars fermoeden, de fartugen binne meastentiids gjin gondels.
Plakkenmei gondelfearten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aldeboarn - alle jierren op de lêste freed fan augustus, op De Boarn.
- Appingedam - alle jierren ûnderdiel fan de Damster Stedsfeesten, earste freed fan septimber
- Giteren (3e sneon fan augustus (jierliks)
- Koedijk (by Alkmaar): alle jierren op de 3e sneon fan augustus
- Giessen-Oudekerk - Giessenburg - Hardinxveld-Giessendam (op de Giessen): even jierren, twadde sneon yn septimber. Dat yn 2008 op 13 septimber.
- Alphen oan de Ryn- alle jierren op de dei foar de Alfenske jiermerk, dy't op de tredde woansdei fan septimber komt.
- Bredevoort (op de âlde stedsgrêft (alle jierren, it lêste wykein fan augustus, earste wykein fan septimber))
- Belt-Schutsloot (2e freed fan augustus (alle jierren))
- Dwarsgracht (1e sneon fan augustus (alle jierren).