Springe nei ynhâld

Koedijk

Ut Wikipedy
Koedijk
Flotbrêge.
Flotbrêge.
Emblemen
Bestjoer
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
Sifers
Ynwennertal 2.675 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 4,8 km², wêrfan:
- lân 4,1 km²
- wetter 0,69 km²
Oar
Koördinaten 52° 40 'NB, 4° 44 'EL
Kaart
Koedijk (Noard-Hollân)
Koedijk

Koedijk is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeenten Alkmar en Dyk en Waard. It plak leit noard fan 'e stêd Alkmaar. It oarspronklike doarp bestiet út in likernôch fjouwer kilometer lange lintbebouwing oan it Noardhollânsk Kanaal.

Koedijk hat 2.675 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Foar 1324 komt de namme Koedijk nearne foar. It gebiet fan 'e lettere gemeenten Koedijk en Sint Pancras foel eartiids ûnder it rjochtsgebiet fan it eardere doarp Vronen. De grinzen wiene itselde as dy fan 'e kaart út de Historische Gemeente Atlas van Nederland, J. Kuyper 1865-1870 (sjoch ôfbyld). It noardlikste part fan Koedijk hearde op dy kaart by de gemeente Oudkarspel. Dat moat om 1300 hinne ek sa wêst ha.

Ut twa oarkondes fan 1324 docht bliken dat de oarspronklike befolking fan Vronen op oanwizing fan greve Willem III har oan 'e Coedijc nei wenjen set ha en dêr waard op kosten fan 'e greve foar har in nije tsjerke boud.

Noard-Hollân boppe Alkmar mei Koedijck oan 'e Rekere (1603.
Kaart fan Koedijk en omkriten om 1865 hinne (boarne: atlas1868.nl)

De Coedijc wie de dyk, dy't Vronen oan 'e westkant beskerme tsjin it wetter fan 'e Rekere, in iepen ferbining mei de see op likernôch it plak dêr't no it Noardhollânsk Kanaal leit.

It âlde doarp Vronen wie folslein leechrûn: de minsken moasten fanwegen de fernielings yn 'e striid tusken West-Fryslân en Hollân wol ferhûzje nei de Coedijc. Sûnt dat stuit hearde it âlde gebiet fan Vronen by de nije parochy Koedijk.

It doarp hie eartiids in nôtmûne mei de namme De Koe. Yn 2009 is in nije nôtmûne 'e Kanaaldyk boud, dy't De Gouden Engel hjit. Oan 'e Helderseweg stiet krekt foarby de Koedijkerflotbrêge oan it Noardhollânsk Kanaal noch in mûne. Dat is in poldermûne mei de namme Sluismolen. De mûne leit yn it diel fan it doarp dat no formeel diel útmakket fan 'e stêd Alkmar.

Oant 1972 wie Koedijk in selsstannige gemeente. By de gemeentlike weryndieling fan 1 oktober 1972 waard Koedijk yndield by de gemeenten Alkmar en Sint-Pancras . Healwei de jierren 1970 makke Koedijk in grutte groei mei. It plak is tsjintwurdich foar in grut part oan 'e stêd Alkmaar fêstgroeid.

  • De tradisjonele gondelfeart wurdt op 'e tredde sneon fan augustus organisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geus, J.P. (1990) Uit de historie van Koedijk en Huiswaard: van 1300 tot 1972. Schoorl: Pirola.

Gemeente Alkmar
Stêd:
Alkmar
Doarpen:
DriehuizenGraftGrootschermerKoedijk (foar in part) • MarkenbinnenNoordeindeOost-GraftdijkOterleekOudorpDe RijpSchermerhornStarnmeerStompetorenUrsem (foar in part) • West-GraftdijkZuidschermer
Buorskippen:
BergermeerKogerpolder (foar in part) • Omval · NieuwpoortDe NollenDe Weijdt
· · Berjocht bewurkje