Springe nei ynhâld

Godehardus fan Hildesheim

Ut Wikipedy
Godehardus fan Hildesheim
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 960
berteplak Reichersdorf by Niederalteich, Beieren
stjerdatum 1038
stjerplak Hildesheim, Nedersaksen
hillichferklearring
hillich ferkl. 1131
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
attributen Stêf, tsjerkemodel, draak, tsjerkemodel
patroan fan Hildesheim

Godehardus fan Hildesheim (* 960 yn Reichersdorf by Niederalteich, Beieren; † 5 maaie 1038 yn Hildesheim) wie de biskop fan Hildesheim en heart ta de wichtichste hilligen fan de midsiuwen. Syn ferearing wreide him út fan Itaalje en Kroaasje oant en mei Skandinaavje. Ien fan de belangrykste de ferbinings troch de Alpen, de Gotthardpas, waard nei de hillige ferneamd.

Godehardus waard yn Reichersdorf yn it eastlik Beieren berne. Syn heit Ratmund bewurke as boer de fjilden fan it de ynfloedrike benediktynske abdij Niederaltaich. Dat Godehardus tige yntelligint wie foel dêr op en sa kaam er op de kleasterskoalle telâne. Hy waard muonts en mei help fan hartoch Hindrik (de lettere keizer Hindrik II) al yn 996 abt, ynearsten fan Niederaltaich en tagelyk yn de jierren 1001-1002 yn Tegernsee en fan 1005 oant 1012 ek yn Hersfeld. Fan 1007 oant 1013 wied er ek ferantwurdlik foar de abdij Kremsmünster. Yn dy tiid sette fanút abdij fan Cluny in grutte herfoarmingsbeweging yn, dy't Godehardus yn de him tabetroude kleasters konsekwint trochfierde.

Nei de dea fan biskop Bernward waard Godehardus yn 1022 troch keizer Hindrik ta biskop beroppen en troch Aribo fan Mainz yn it amt wijd. It wie de tiid fan de Saksyske keizers, doe't Hildesheim ien fan de politike en kulturele sintra fan it ryk wie. Godehardus sette it wurk fan syn foargonger mei faasje fuort en yn syn bisdom waarden wol tritich nije tsjerken boud. Yn de stêd waard de Sint-Michaeltsjerke (Michaeliskirche) foltôge en de domtsjerke krige in nij westwurk. Hy kaam op foar de rjochten fan syn bisdom en hy fuortsterke de bou fan skoallen en boekenkeunst. Mar boppe alles ferdjippe er him troch synoades en reizen yn it geastlike libben fan syn bisdom. Hy liet oeral in grutte yndruk efter troch syn ienfâldige en asketyske wize fan libjen en de legindes dy't al gau mei syn namme anneks waarden, spegelje de krêft en yndruk fan syn persoanlikens. Hy ferstoar op 5 maaie 1038 yn it troch him stifte Mauritiuskleaster by Hildesheim.

De Godehardusskryn (1140) yn de domtsjerke fan Hildesheim

Godehardus waard yn 1131 troch paus Innocentius II hillich ferklearre. Op de top fan de Gotthardpas stiet in kapel dy't al yn de 11e iuw bestie. Undersyk by opgravings wize út dat de kapel al yn de 9e iuw boud waard. De aartsbiskop fan Milaan wijde dy kapel yn 1230 oan Sint-Godehardus. In pear jier letter ûntstie der foar de nei Rome reizgjende pylgers in herberge. Fanôf 1685 fersoargen de kapusiner muontsen dêr de pylgers. Tsjintwurdich is der in hotel yn hûsfêste, wylst it histoaryske diel út 1237 beskerme wurdt.

Ta eare fan Godehardus waard yn Hildesheim de heechromaanske Godehardusbasilyk boud. Yn de krypte wurdt de skryn mei syn reliken fereare. Yn de parochy- en abdijtsjerke fan Sint-Mauritius fan Niederalteich is oan de hillige it alter wijd. De abdij bewarret guon paraminten fan Godehardus: it troch keizerin Kunigunde (de frou fan Hindrik II) skonken liturgysk kleed fan Godehardus, de koarde dêr't de hillige it ûnderkleed mei fêstbûn, in skoech en syn stêf.

Godeshardus waard oanroppen tsjin jicht, reuma, bernesyktes, swiere befallings, nierstiennen, bliksem en hagel. Hy is beskermhillige fan mitselders en de Dútske stêd Gotha, dy't de biskop yn it wapen draacht. Alle jierren fiert de stêd yn maaie it Gothardusfest. Yn Fryslân is de tsjerke fan Marrum in oarspronklik oan Godehardus wijde tsjerke. Nei in werynrjochting krige de tsjerke yn 2000 de âlde namme werom.

Godehardus wurdt as biskop útbylde. Ek wurdt er somtiden mei in tsjerke (as stifter fan in soad nije tsjerken), mei mitselreau (lykas in hammer, sjitlead of in winkelheak) en mei in draak oan de fuotten ôfbylde (in ferwizing nei duvelbannerij yn Mainz). Lykas by Sint-Lambertus wurdt ek it ferhaal oan him ferbûn dat er as mistsjinner ea hite koaltsjes yn syn koarhimd droech sûnder dat it brânplakkken joech. Dêrom sitte der yn syn mantel somtiden ek koaltsjes yn syn klean.

Sawol yn de Roomsk-Katolike Tsjerke as guon protestantske denominaasjes wurdt Godehardus op 5 maaie betocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Godehard von Hildesheim