Mistsjinner
In mistsjinner is in persoan dy't by de Hillige Missen yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke de selebrant by taken helpt. Meastentiids is in mistsjinner in leek, mar hy of sy kin ek in seminarist of in religieus persoan wêze. Yn 'e regel wurde persoanen oant 16 jier mistsjinners neamd en âldere persoanen akoliten.
Taken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mistsjinners of akoliten ha by de misse alderhande lytse taken, dy't der foar soargje dat de selebrant de misse sûnder opûnthâld opdrage kin. Foarôfgeand oan 'e misse en as de misse foarby is draacht ien fan 'e akoliten yn 'e regel it prosesjekrús. As de misse oan 'e gong is rikke de missetsjinners de preester op 'e tiid it wijreekskipke en -fet oan en sy drage de kandelers by it lêzen út it Hillich Evangeelje. Ek ha se in taak by it reemeitsjen fan it alter troch it wetter, de wyn en de skaal fan 'e kredenstafel mei de noch net konsekrearre hostys nei it alter te bringen. As de selebrant de wyn en de hostys konsekrearret, lit ien fan 'e mistsjinners beltsjes rinkelje. Faak helpe akoliten by it útdielen fan 'e kommuny, mar soks is fan 'e parochy ôfhinklik.
Akoliten wurde yn it Latyn neffens funksje oantsjut:
- Ceremoniarius - haadakolyt
- Thuriferarius - wijreekdrager
- Ceroferarius - ljochtdrager
- Croceferarius - krúsdrager
- Navicularius - drager fan it wijreekskipke
Oant yn 'e jierren 1960 wiene allinne jonges en manlju mistsjinner, om't it froulju net tastien waard om op it preesterkoer te kommen. Sûnt de fernijings fan it Twadde Fatikaansk Konsylje yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt it ek famkes en froulju tastien om as mistsjinner of akolyt te helpen.
Patroanhillige fan 'e mistsjinners is Sint-Tarsisius.
Tridentynske misse
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Tridentynske misse, in fiering fan 'e misse neffens de Romeinske ritus lykas dy nei it Konsylsje fan Trente (1545-1563) fêstlein waard en oant de fernijingen fan it Twadde Fatikaanske Konsylje fierd waard, tsjinje allinne jonges en manlju yn 'e liturgy en ha famkes en froulju net it foech om op it preesterkoer te kommen. By de Tridentynske misse wurde allinne in reade of swarte toga mei in wyt koarhimd droegen en wurkje mistsjinners en akoliten neffens in fêst protokolêr takepakket. Se binne neffens ûnderfining, kennis en geskiktheid hiërargysk yndield:
- Ceremoniarius-sjef (it haad fan alle aktive en net-aktive mistsjinners yn in tsjerke en parochy)
- Ceremoniarius
- Thuriferarius
- Akolyt 1 (foarmet mei akolyt 2 in koppel en is ek Ceroferarius)
- Akolyt 2 (foarmet mei akolyt 1 in koppel en is ek Ceroferarius)
- Alle oare mistsjinners (lykas croceferarius, navicularius, oanfoljende ceroferarii en mistsjinners ûnder de 16)
De ceremoniarius liedt de mistsjinners by de liturgy en stiet bytiden ek oan it haad fan alle aktive en net-aktive mistsjinners yn 'e tsjerke. Hy moat de hiele ritus yn alle ûnderdielen kenne en hat it foech om de selebrant, oare geastliken en mistsjinners by de liturgy oanwizings te jaan as hja harren net oan 'e ritus hâlde. Dêrnjonken is er ek ferantwurdlik foar de oplieding, it ynroasterjen en de klean fan 'e mistsjinners. Yn guon tsjerken is de ceremoniarius tagelyk koster. Hat in parochy of tsjerke mear as ien ceremoniarius, dan wurdt der in haad oansteld, dy't oer alle aktive en net-aktive mistsjinners yn 'e parochy of tsjerke giet.
Yn 'e Tridentynske misse hat allinne de preester it foech de kommuny út de dielen, it tabernakel te iepenjen en it liturgyske reau mei de hannen oan te reitsjen. De koster en/of mistsjinners sille wite moffen drage om de mistselk, de pateen en de siboary foar de Hillige Misse klear te setten of dêrnei op te romjen. Yn in Tridentynske misse wurdt de kommuny altiten op 'e tonge jûn, wylst de pateen ûnder it kin holden wurdt om tefoarren te kommen dat der stikjes fan 'e hosty op 'e grûn falle kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|