Selebrant
Appearance
In selebrant (fan it Latynske celebrare; "fiere") is de oantsjutting fan in geastlike foargonger by in Hillige Misse of in oare liturgyske fiering. By de Hillige Misse is dat de preester of de biskop. Der is sprake fan in haadselebrant (Latyn: celebrans principalis) by in konselebraasje, as meardere selebranten oan 'e fiering meiwurkje. De hannelingen fan selebranten wurdt oerienkomstich mei selebraasje oantsjut. Yn it ramt fan 'e liturgyherfoarmings fan it Twadde Fatikaansk Konsylje waard yn it Missale Romanum de oantsjutting celebrans troch sacerdos celebrans ("fierende preester") ferfongen.