Springe nei ynhâld

Prosesjekrús

Ut Wikipedy
15e-iuwsk prosesjekrús út Itaalje (Metropolitan Museum of Art).

In prosesjekrús is in krús op in likernôch 2 m lange stange of stok, dat by roomsk-katolike of otterdokse prosesjes by Hillige Missen, begraffenissen, prosesjes, beafearten of it bidden fan 'e krúswei troch mistsjinners droegen wurdt. Ek Lutherske of Anglikaanske tsjerken brûke by guon gelegenheden it prosesjekrús, lykas by feestlike fieringen of by begraffenissen.

It dragen fan it prosesjekrús by in prosesje yn Portugal.

Al yn 'e midsiuwen waarden der keunstsinnige prosesjekrusen fan hout en alderhande metalen makke. Wat riker de tsjerke, wat moaier de prosesjekrusen. Katedralen besieten bygelyks faak meardere prosesjekrusen fan ealmetalen mei ealstiennen. Oare wichtige tsjerken hiene krusen, dy't mei bledgoud belein waarden. Om't de oantallen dielnimmers fan prosesjes eartiids tige grut wiene en ek minsken oan 'e ein fan 'e optocht it krús ek sjen moasten, waarden de prosesjekrusen jimmeroan grutter en swierder. Somtiden waard dêrom as materiaal ek wol papier-maché brûkt.

Yn 'e regel hat in prosesjekrús in korpus. It krús wurdt mei de korpus oan 'e foarkant droegen. De drager fan it prosesjekrús wurdt in croceferarius neamd. Yn 'e regel is dat in akolyt.

By in liturgyske prosesje, d.w.s. in prosesje as ûnderdiel fan in misse, wurdt yn tsjerken by it begjin fan 'e misse de krúsdrager yn 'e prosesje faak flankearre troch mistsjinners, dy't elts in flambou drage. Sadree't de prosesje by it alter oankomt, set de krúsdrager it krús yn in stander op it alter mei de korpus nei it tsjerkefolk ta. Nei de slotritus nimt de akolyt it prosesjekrús wer út de stander en folget de útgongsprosesje (extrada). As de belle giet is de misse offisjeel ôfrûn en wurdt it prosesjekrús wer yn 'e stander set.

Yn 'e skatkeamers fan 'e katedralen of belangrike tsjerke wurde prosesjekrusen faak mei oare weardefolle saken útstald yn musea.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Prosesjekrusen fan Wikimedia Commons.