Glenda Larke

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Glenda Larke
Livro preto.svg skriuwer
Glenda Larke (540391033).jpg
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Glenda Noramly
echte namme Glenyce Larke
nasjonaliteit Flag of Australia (converted).svg Australysk
berne 1945
berteplak yn West-Austraalje
etnisiteit Flag of Australia (converted).svg Angelsaksysk Australysk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
The Isles of Glory-trilogy
The Mirage Makers-trilogy
útjouwer Voyager, Orbit Books
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
glendalarke.com

Glenda Larke (wiere namme: Glenyce Larke; yn West-Austraalje, 1945)[1] is in Australysk skriuwster fan fantasyromans.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Larke waard 1945 berne yn 'e Australyske steat West-Austraalje, dêr't se opgroeide op in isolearre boerespultsje yn 'e outback. Hja behelle in bachelortitel yn skiednis en in diploma yn ûnderwiiskunde oan 'e Universiteit fan West-Austraalje yn Perth.

Larke is troud en hat twa bern. Har man, dy't moslim is, wurket foar de Feriene Naasjes, en sadwaande hat it gesin jierrenlang om utens wenne, yn Eastenryk, Tuneezje en Maleizje. Larke hat lesjûn yn Wenen en op ferskate plakken yn Tuneezje en Maleizje. Yn 2008 wenne Larke mei man en bern yn 'e Maleizyske haadstêd Kuala Lumpur.

Larke har earste roman, Havenstar, waard yn 1998 publisearre troch de Britske útjouwerij Virgin Worlds. Dêrfoar makke hja gebrûk fan har trounamme Glenda Noramly. Yn 2003 waard har twadde boek, The Aware, yn Austraalje publisearre ûnder har famkesnamme Glenda Larke.

The Aware wie it earste diel fan 'e Isles of Glory-trilogy, en wie in finalist foar de Aurealis Award fan 2003 yn 'e kategory bêste fantasyroman. Ek The Tainted, it trêde diel fan dy trilogy, Heart of the Mirage en Song of the Shiver Barrens, it earste en trêde diel fan Larke har Mirage Makers-trilogy, en The Last Stormlord, it earste diel fan har Watergivers-trilogy, wiene finalisten foar dyselde priis.

Larke skriuwt ek non-fiksje, dy't ornaris bestiet út artikels op it mêd fan natoerbeskerming en natoerbehear, yn 't bysûnder yn ferbân mei fûgelsoarten. Dy artikels publisearret se foar it meastepart yn Maleizyske tydskriften. Fierders hâldt se op Blogspot.com in eigen blôch by ûnder titel Tropic Temper ("Tropysk Temperamint").

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1998 – Havenstar (as Glenda Noramly)
  • The Isles of Glory-trilogy
    • 2003 – The Aware
    • 2004 – Gilfeather
    • 2004 – The Tainted
  • The Mirage Makers-trilogy
    • 2006 – Heart of the Mirage
    • 2007 – The Shadow of Tyr
    • 2007 – Song of the Shiver Barrens
  • The Watergivers-trilogy (soms ek oantsjut as The Stormlord-trilogy)
    • 2009 – The Last Stormlord
    • 2010 – Stormlord Rising
    • 2011 – Stormlord's Exile
  • The Forsaken Lands-trilogy
    • 2014 – The Lascar's Dagger
    • 2015 – The Dagger’s Path
    • 2016 – The Fall of the Dagger

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2003 Aurealis Award finaliste bêste fantasyroman The Aware
2004 Aurealis Award finaliste bêste fantasyroman The Tainted
2006 Aurealis Award finaliste bêste fantasyroman Heart of the Mirage
2007 Aurealis Award finaliste bêste fantasyroman Song of the Shiver Barrens
2009 Aurealis Award finaliste bêste fantasyroman The Last Stormlord

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bloch fan Glenda Larke (leeftyd neamd yn Larke har reäksje op 'e taspraak fan politika Pauline Hanson)

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.